Oerlis:Turks- en Kaikoseilannen
Kanada
bewurkje seksjeBinne dit net wat folle keppelings oer de Kanada-kwestje? Aliter 02.09, 28 des 2005 (UTC)
- Haw keppelings oernommen fan Ingelske Wikipedia. Fûn wat jo seinen sels ek, mar ik tocht lit ek mar stean, net ien dy't der lêst fan hat. Woadan 08.52, 28 des 2005 (UTC)
De oare Wikipedyen wurde ek mar troch wikipedianen skreaun; dat derfan hawwe guont siden ek lêst fan keppelingssyktme. Sa't it der no stiet is it in grut blok keppelings, dêr't mear as de helte fan oer mar ien saak hannelet: Kanada - TKE. Dat, tegearre mei de lange, Ingelske keppelings nimt it oersjoch wat fuort. Aliter 20.47, 29 des 2005 (UTC)
Selsmoard
bewurkje seksjeKinne wy wat mear of wat minder oer dy selsmoarden sizze? As der net ien oer wie dy't der wat fan fertelle koe, wat witte wy dan oer selsmoarden? En hoe siet dat krekt mei nei ien jier nimmen mear oer en nei 25 jier eltsenien ferstoarn? Aliter 02.09, 28 des 2005 (UTC)
- Wit net wêr't jo it oer hawwe. Neffens my stiet der neat yn oer selsmoarden, of ien moat der sûnt ik it skreau wat oan feroare hawwe. Haw no gjin tiid en lês it hiele stik wer troch. Woadan 08.52, 28 des 2005 (UTC)
Der stiet wat núvers oer selsmoard fan Yndianen dy't net meinaam waarden troch de Spanjerts. Ik wit net krekt wat ik dêr mei oan moat, en oare lêzers grif ek net. Aliter 20.47, 29 des 2005 (UTC)
Komôf
bewurkje seksjeIk haw neisocht wat it probleem mei it komôf wie dat ik sjoen hie. It wie krekt wat Woadan ek al op myn oerlisside skreau: at wy al mei wissens skriuwe dat de earste ynwenners Arawaksk wienen, kinne wy der net mear mei oankomme dat guon hawwe wolle dat dat net sa is. Hoe kin dit better formulearre wurde? Aliter 02.09, 28 des 2005 (UTC)
- Bin ik net alhiel mei jo iens. Giet om in skeel ûnder argeologen. Sil foar de dúdlikheid by Arawakken "nei alle gedachten" ynfoegje. Woadan 08.52, 28 des 2005 (UTC)
Iens Aliter 20.47, 29 des 2005 (UTC)
Libbensfetberens
bewurkje seksjeIk haw dit wat ôfswakke, mar at wy krekt witte wat dit wie, dan is dat better, fansels. Aliter 02.09, 28 des 2005 (UTC)
- Kin ik no even net mear fine. Mar moat eat wurde yn de trant fan: de lytse befolking, dy't in faktor wie fan de fuortbesteande bân mei Londen. Woadan 08.52, 28 des 2005 (UTC)
Polityk - Bân mei Grut-Brittanje - Ik lit it oan jo oer, om't ik wit krekt wit hoe't it wurde moat. Aliter 20.47, 29 des 2005 (UTC)
Kommentaar op feroarings troch Aliter
bewurkje seksjeBin it mei de measte dingen wol iens. Mar net mei it folgjende.
- Befolking en godstsjinst passe net ûnder it kopke geografy. Dêr hawwe se neat mei te krijen. Se hearre wol byinoar. Dit feroarje ik. Woadan
- Dit koe tink wol ûnder sosjale ierdrykskunde. Mar dit is ek yn oarder; ik woe dy lytse haadseksjes kwyt. Aliter
- It stikje oer kiesrjocht haw ik by rjocht weihelle. Woadan
- Yn oarder Aliter
- En it stik oer oansluting by Kanada heart echt by Skiednis.
Woadan 08.52, 28 des 2005 (UTC)
- Der stie my tefolle yn oer wat it wurde kin, dat ik hie de side in opbou ferline - hjoedeisk - takomst jûn, mei alles oer Kanada as takomst. Dat, en dan is de seksje Skiednis net grutter as de oare seksjes tegearre. Aliter 20.47, 29 des 2005 (UTC)