Oerlis:Ureum

Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Kneppelfreed

@Kneppelfreed: Goeie. Uhum...ik woe de titel fan jo artikel 'uréum' allinnich mar feroarje yn 'ureum', mar ha sadwaande de hiele ynhâld by fersin fuortsmiten. En ik wit net hoe't ik dy weromhelje moat, as dat al kin. Sjit my mar lek! Drewes (oerlis) 14 apr 2019, 18.05 (CEST)Beäntwurdzje

Hold your fire! Ik haw al útfûn hoe't it moat. Drewes en technyk = fjoer en wetter. Drewes (oerlis) 14 apr 2019, 18.11 (CEST)Beäntwurdzje
@Drewes: It is goed. Ja as it artikel al weiwurden wie, hie ik al even prottele. Ik kin "taalweb" op dit stuit net mear krije. Net op myn laptop en ek net op myn mobyl. Is de side tydlik der ôf of witte jo wat der geande is? De stavering mei de dûbele klanken is dochs al wat betizend, want we hawwe bygelyks "ureum", "Mattéus" en "Koreä". Groetnis Kneppelfreed (oerlis) 15 apr 2019, 05.08 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed: Ja, it skerpteken op 'e e, lykas yn "uréum" jout de útspraak wol goed oan, mar dat is eins net (mear) neffens de Fryske stavering. As jo de útspraak sekuer oanjaan wolle, soene jo "ureüm" skriuwe moatte. It trema mei neffens it boekje Stavering, fan 'e Afûk, altyd tapast wurde as der útspraakbetizing driget, hoewol't dat by oare wurden op "-eum" eins nea dien wurdt (ferlykje "museum"). Koreä is de stavering sa't de Fryske Akademy dy jout; oars soe der "ko-rea" stean, ferwizend nei de kleur fan in readbûnte ko, of sa. Dat soe fansels wol hiel nuver wêze. De stavering "Mattéus" is wat aparts. Neffens de regels fan 'e F.A. soe dat skreaun wurde moatte as "Matteüs", mar foar Bibelske nammen hâlde we de stavering fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting mar oan (as de iennichste gesachhawwende Fryske útjefte op dat mêd), en dy bibeloersetters litte har neat gelegen lizze oan 'e regeltsjes fan 'e Fryske Akademy, dat sadwaande. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 apr 2019, 16.13 (CEST)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk: Tanke foar de tip Kneppelfreed (oerlis) 16 apr 2019, 00.12 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed: Taalweb is wer te berikken. Trouwens jo kinne it Frysk Hânwurdboek sa't dat op Taalweb stiet ek dellade fan dat webstee. Drewes (oerlis) 15 apr 2019, 16.54 (CEST)Beäntwurdzje
@Drewes: Tanke foar de tip Kneppelfreed (oerlis) 16 apr 2019, 00.12 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Ureum".