Oerlis:Wien Neêrlands bloed
Lêste reäksje: 6 jier lyn troch Mathys1995
Foar de oersetting fan wien ha ik efkes wat muoite dwaan moatten, mar ik bin úteinlik op "waam" útkaam. Kin immen sizze oft der miskien in bettere oersetting is of dat dizze alhiel net kloppet? It is yn alle gefallen in tredde namfal fan it Nederlânske wie. De tredde namfal fan ús "wa" is dochs "waam" ("oan wa") of ha ik it mis? Mathys1995 (oerlis) 3 mrt 2018, 00.39 (CET)
- @Mathys1995: Waam is in tredde namfal; oft wien dat ek is doar ik net mei wissichheid te sizzen. Mar as it jo inkeld om 'e oersetting te dwaan is, om útlis dus, dan kinne jo neffens my better "wa't" brûke, want ik tink dat der net in soad Friezen binne dy't it wurd 'waam' kenne, en dan moatte jo suver de útlis útlizze. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 mrt 2018, 01.00 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Mei iens! Mathys1995 (oerlis) 3 mrt 2018, 01.06 (CET)