Oerlis:Winaam
Lêste reäksje: 1 jier lyn troch Drewes by it ûnderwerp Layout
Layout
bewurkje seksje@RomkeHoekstra: Goeie. Ik ha it niis efkes kontrolearre en fannijs fêststeld dat der op myn skerm mei de opmaak neat te rêden wie. Gjin wite flakken en gjin fuortdrukte plaatsjes. Ik wurkje op in pc en brûk de âlde side-opmaak. Ik bin benijd hokker aparaat en ynstelling jo brûke. Groetnis, Drewes (oerlis) 28 aug 2023, 16.56 (CEST)
- @Drewes: Ik ha grif in oar skerm as jo (16:9), mar it ôfbyld dat jo tafoege wie rjochts posisjonearre. Dat kaam dus ûnder de ynfoboks telâne, dy't ek rjochts posisjonearre is. En dêrmei kin it net oars dan dat it folgjende ôfbyld (de Winamer tsjerke), dat lofts by Skiednis posisjonearre wie, nei ûnder drukt waard. Dat kaam by de ynwennertabel telâne en dêr ûntstie in wyt flak. Mei troch it fertikale formaat fan it tafoege ôfbyld rjochts sakken alle oare ôfbylden ek in stik fierder nei ûnder en om't de tekst no folle earder einige as de ôfbylden ûnstie dêr ek in soad wyt. De lêste ôfbylden 'bungelden' sa te sizzen wat ûnder it artikel. Ik soe earst de lêste ôfbylden ferwiderje, mar ik ha it oplost troch it troch jo tafoege ôfbyld lofts te posisjonearen. In foardiel is ek dat it ôfbyld no by in passende tekst stiet. Mar yn alle gefallen hoopje ik dat jo sa tefreden binne.--RomkeHoekstra (oerlis) 28 aug 2023, 20.10 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Tank foar de útlis. Mar nochris, op myn byldskerm gjin grutte feroarings yn de opmaak. Allinnich it ûnderste plaatsje, 't Slotsje, wie sa'n trije sm sakke. Drewes (oerlis) 28 aug 2023, 21.37 (CEST)
- @Drewes: It bin it mei jo iens dat it nochal lestich is mei al dy ferskillende formaten. Ik hie it sels bygelyks doe't ik begûn mei it setten fan ynwennertallen yn tabellen. Op in smeller skerm seach ik doe tafallich dat de troch my tafoege tabel de lay-out net yn positive sin feroare hie, mei't it in plaatsje nei ûnder drukte. Dêrom meitsje ik no de tabellen folle minder lang, sadat der gjin konflikt ûntstiet mei de rest. Op de mobyl is it somtiden ek in griis om te sjen hoe't dingen yndield binne. Ik bin no bygelyks mei Dokkum oan 'e gong, dêr stienen fuort ûnder de ynfoboks en noch foar it begjin fan 'e tekst fiif ôfbylden. Op in gewoan skerm is der dan neat oan 'e hân, mar op de mobyl krijst dan in hiel nuver begjin fan it lemma. Om soks tefoarren te kommen kinne de plaatsjes dêrom it alderbêste safolle mooglik posisjonearre wurde by de tekst, dêr't it plaatsje nei ferwiist/op slacht.--RomkeHoekstra (oerlis) 29 aug 2023, 08.06 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Tank foar de útlis. Mar nochris, op myn byldskerm gjin grutte feroarings yn de opmaak. Allinnich it ûnderste plaatsje, 't Slotsje, wie sa'n trije sm sakke. Drewes (oerlis) 28 aug 2023, 21.37 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Ik sil der rekken mei hâlde. Drewes (oerlis) 29 aug 2023, 17.38 (CEST)