Oerlis:Wrâlderfgoedlist

Lêste reäksje: 3 moannen lyn troch RomkeHoekstra by it ûnderwerp C foar Kultuererfgoed

alfabetisearring

bewurkje seksje

Omdat it altyd better kin: De lannen steane kwa Fryske stavering noch net hielendal alfabetysk (bg. Kanada stiet noch op it Nederlânske plak nei de B.--Swarte Kees 10 maaie 2011, 16.56 (CEST)

Ja, en dan hawwe wy it noch net hân oer de stavering fan al dy útwrydske namme. Fiel jo frij en doch mei! Drewes 10 maaie 2011, 17.12 (CEST)

Wrâlderfgoed of -guod? Wolle jimme der ris oer puzelje? Om't it oer ûnreplik guod giet, soe it neffens my om Wrâlderfgoed, ek meartal, gean moatte. Yn 'e Wâlden (oerlis) 14 maa 2016, 16.12 (CEST)

Mei iens: wrâlderfgoed. Drewes (oerlis) 14 maa 2016, 17.14 (CEST)

C foar Kultuererfgoed

bewurkje seksje

De letter C foar Kultuererfgoed liket oernommen te wêzen fan 'e Nederlânsktalige side (C = Kultuererfgoed, N = Natuererfgoed, Read = Bedrige wrâlderfgoed). Ik ha earder wolris op dizze side west en bin der doe fan útgien dat it in category-oantsjutting fan UNESCO sels wie, mar ik sjoch dy letters dêr net tapast. Bytsje nuver om in Nederlânske ôfkoarting oer te nimmen. Sa litte of yn in K feroarje? --RomkeHoekstra (oerlis) 31 aug 2024, 08.50 (CEST)Beäntwurdzje

Werom nei de side "Wrâlderfgoedlist".