Oerlis:Wylgen
Lêste reäksje: 9 deien lyn troch Ieneach fan 'e Esk
Meidoggers, ik sjoch op Frysker dat beide wylgebeam en wylgenbeam, dus sûnder en mei tusken-n. Yn 't Frysk komt oars in tusken-n nea foar. Hoe sit dit en wat sizze oare wurdboeken dêr fan, sûnt ik allinnich op Frysker oanwiisd bin. Kneppelfreed (oerlis) 8 des 2024, 22.18 (CET)
- @Kneppelfreed: Goeie. Dêr sizze jo sawat. Ik haw de wurdboeken der op nei slein, en dêr wurde yndie beide foarmen jûn: wylgebeam (en ek wylgehout, wylgekatsje, etc.) en wylgenbeam (wylgenhout, wylgenkatsje, etc.). Dat is wol nuver, want ik haw yn it Frysk as skoalfak eksamen dien, en wy hawwe altyd leard: gjin tusken-n yn it Frysk! (Utsein as der fan it wurd gjin inkeltalsfoarm bestiet, bgl. Alpenmarmot.) No haw ik ris even by oare beammen sjoen, en dêr hawwe je itselde: ike(n)beam, bjirke(n)beam, ipere(n)beam en lykas by wylch ek yn oare gearstallings as mei -beam. Mar by oare wurden hawwe je dat dus krekt net, bgl. sikehûs, en net sikenhûs. Ik kin allinne mar konkludearje dat by beammen ditoangeande in útsûndering jildt. Miskien om't je ek sizze kinne: in wylgen koer, in iken tafel, iperen klompen? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 des 2024, 23.02 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk, yndie nuver. Ek by roggebrea blykt dat roggenbrea kin. No haw ik, safier't ik it wit altyd fan roggebrea, ikebeam, wylgebeam, ensfth , dus sûnder tusken-n, sprutsen heard. Ik wit net oft de tusken-n yn 'e lêste tiden tastien is, of as it altyd al sa west hat, miskien te ferlykjen mei in wurd as sûpenbrij en kreksa as jo sizze wylgen koer, ensfth. Of soe it in earste oanset wêze fan de FA om aanst de tusken-n yn oare wurden ek tastean te litten. Want wat de stavering oanbelanget fyn ik dat de FA der bytiden mar in potsje fan makket. Kneppelfreed (oerlis) 8 des 2024, 23.24 (CET)
- @Kneppelfreed: Nee, it is net fan de lêste tiid, want it stie ek út 'e oersetwurdboeken Ned.-Fr. en F-N út 1995, dy't neffens my werprintingen wiene fan orizjinelen út 'e iere jierren tachtich. Ik haw socht nei in útlis yn it boekje Stavering fan 'e Afûk, mar dêr wurdt dizze kwestje net yn neamd. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 des 2024, 23.30 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk, okee, dus dan hat dat altyd dus sa west. Hawar sûnder tusken-n mei dus ek, dus bliuw ik dat dan mar brûken om konsekwint mei oare wurden te bliuwen en is makliker sa. Tanke foar jo reäksje. Kneppelfreed (oerlis) 9 des 2024, 00.57 (CET)
- @Kneppelfreed: Ja, wy kinne mar it bêste de regel oanhâlde fan "gjin tusken-n". No, graach dien. It wie foar my ek wat nijs. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 des 2024, 01.00 (CET)