Sjantaazje

(Trochferwiisd fan Ofdriging)

Sjantaazje (fan it Frânske chantage) is it ôftwingen fan meiwurking ûnder bedriging mei it útbringen fan geheime ynformaasje. Immen dy't him of har oan sjantaazje skuldich makket, is in sjanteur. Sjantaazje is in foarm fan ôfparsing en wurdt yn 'e measte lannen beskôge as in misdriuw. De ôftwongen meiwurking kin bestean út it oerdragen fan jild of oare kostberheden of it útfieren (of neilitten) fan beskate aksjes dêr't de sjanteur foardiel fan ûnderfynt. De bedriging kin bestean út it iepenbier meitsjen fan wiere of falske ynformaasje dy't fysyk letsel of mentale of emosjonele skea tabringe sil oan it slachtoffer of in famyljelid of freon fan him of har, of dy't liede sil ta gerjochtlike ferfolging fan it slachtoffer of in famyljelid of freon.

Yn Nederlân stiet sjantaazje yn it juridysk jargon bekend as ôfdriging, en is it ferbean ûnder kêst 318 fan it Wetboek fan Strafrjocht en kêst 331 fan it Wetboek fan Strafrjocht (BES). It wurdt dêr omskreaun as: "mei it eachmerk om jinsels of in oar ûnrjochtlik te befoardieljen, troch bedriging mei smaad, smaadskrift of iepenbiering fan in geheim" immen te twingen "ta de ôfjefte fan lykfol hokker guod dat hielendal of foar in part oan dyselde of oan in trêde [partij] taheart, of ta it oangean fan in skuld of it teneate dwaan fan in ynskuld, of ta it ta beskikking stellen fan gegevens mei jildswearde yn it hannelsferkear". Under dy deliktomskriuwing falt dus net it mei sjantaazje twingen ta it dwaan of neilitten fan eat, lykas it ôftwingen fan seksuële tsjinsten. Sokke misdriuwen moatte dêrom ferfolge wurde fia oare wetsartikels, lykas it ferbod op bedriging.

Ofdriging is yn it Nederlânske strafrjocht in klachtdelikt (wêrby't in fertochte pas ferfolge wurde kin nei't it slachtoffer oanjefte fan in misdriuw dien hat) om 'e foar de hân lizzende reden dat amtlike ferfolging krekt troch de iepenbierens fan 'e rjochtspraak oan it ljocht bringe soe wat it slachtoffer ferburgen hâlde wolle kin. Opmerklik is fierder dat it ek strafber is om immen te sjantearjen ta eat dêr't it slachtoffer sivylrjochtlik al ta ferplichte is. Mei oare wurden: sjantaazje is gjin legaal ynkassomiddel. Ofdriging kin ûnder de Nederlânske wet bestraft wurde mei in jildboete fan 'e fyfde kategory of in finzenisstraf fan maksimaal trije jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.