Offierkanaal
It Offierkanaal is in kanaal yn de gemeente Smellingerlân. It kanaal rint fan de Alddrait besuden Drachten nei it easten. It rint njonken de A7 en Haudmare en bûcht benoarden Oerterp oan de Feart rjochting Fryske Peallen en giet dêr oer yn de Fryskepeallenfeart.
De namme Offierkanaal jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Afvoerkanaal.