Oksegong
Wei dy't om in wierde, oan de foet hjirfan leit
In oksegong is de wei dy't om in wier, oan de foet dêrfan leit.
Noch mar inkele wieren hawwe lykwols noch in oksegong. De bekendste is dy fan Leermens. As fan immen (yn it Grinzersk) sein wurdt, dat hy "om Leermens is gekomen", betsjut dat, dat er in soad wit, de saken fan alle kanten besjoen hat.
Inkele doarpen mei in yntakte oksegong:
- Biessum: de Ossenweg
- Groot Maarslag
- Kantens: de Pastorieweg
- Leermens: de Rondweg en de Tuindersweg
- Tinallinge: de Gruysweg, de Tjarda van Starkenborghweg, de Vennenweg