Old First Reformed Church
De Old First Reformed Church, offisjeel de Reformed Dutch Church of the Town of Breukelen (Nederlânsk herfoarme tsjerke fan Breukelen), is in Nederlânsk herfoarme tsjerkegebou oan 'e 126 7th Avenue op 'e hoeke fan Carroll Street yn it Park Slope-kertier fan Brooklyn, New York.
Nederlânsk herfoarme tsjerke fan Breukelen
Reformed Dutch Church of the Town of Breukelen | ||
Lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | New York | |
plak | New York-Brooklyn | |
adres | 126 7th Avenue | |
koördinaten | 40° 40' N 73° 58' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Herfoarme Tsjerke yn Amearika | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | George L. Morse | |
boujier | 1888–1893 | |
Webside | ||
oldfirstbrooklyn | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe gemeente waard as ien fan 'e earste herfoarme gemeentes fan New York yn 1654 stifte troch Nederlânske kolonisten. Yn dat jier liet gûverneur Pieter Stuyvesant trije tsjerken bouwe: ien yn Flatbush, ien yn Flatlands en ien yn Park Slope. De gemeente kaam ynearsten ûnder in beam by inoar, letter yn in skuorre en yn 1666 waard de earste tsjerke boud yn it doedestiidske Breukelen, wat no Fulton Street hjit. Nei in iuw waard de tsjerke ferfongen en in nij tsjerkhôf oanlein. Mear feroarings folgen yn 'e 19e iuw.
Op 'e hjoeddeiske lokaasje waard yn 'e jierren 1888–1893 de neogoatyske tsjerke neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt George L. Morse boud. De gevel en de toer binne fan Indiana-kalkstien boud en 'e tsjerke rêst op in graniten basis.
De tsjerke is goed 30 meter breed en in lytse 50 meter lang. De toer mei spits is krapoan 65 meter heech.
It gebou waard yn 1998 tafoege oan it National Register of Historic Places.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Skiednis op de side fan Oldfirst
|