Old Vic
Old Vic is in teäter yn Londen en teffens de namme fan in teäterselskip dat dêr spilet. It teäterselskip waard letter de National Theatre Company.
It teäter waard 1818 fan William Barrymoreboud en stichte as it Royal Coburg Theatre, mar waard werneamd ta Royal Victorian Theater nei de kroanprinsesse Victoria. Yn 1880 feroare de namme yn The Royal Victoria Hall And Coffee Tavern. 'Coffee Tavern', meidat der gjin alkohol te krijen wie. Tsjin dy tiid wie it al bekend as Old Vic.
Fan 1912 ôf oan waard der fral Shakespeare spile. De Old Vic Company waard yn 1929 oprjochte en laat fan John Gielgud. Yn de Twadde Wrâldkriich waard it gebou fierhinne ferneatige, mar al yn 1944 waard der wer spile. Yn dy tiid sieten ûnder oaren John Gielgud, Alec Guinness, Laurence Olivier, Michael Redgrave en Ralph Richardson by it selskip.
De Amerikaanske akteur Kevin Spacey waard yn 2004 beneamd ta artistyk-direkteur fan de Old Vic Theatre Company. Yn syn earste seizoen regissearre Spacey ek de film Cloaca fan Maria Goos.
Literatuer
bewurkje seksje- Guide to British Theatres 1750–1950, John Earl en Michael Sell s. 128–9 (Theatres Trust, 2000) ISBN 0-7136-5688-3
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Webstee fan de Old Vic
- Old Vic Archive Universiteit Bristol (in)
- Skiednis Old Vic by Victoria & Albert Museum (in)