One (liet fan Metallica)

One is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1988 en útbrocht op it album ...And Justice for All fan Metallica út 1988. One wie it fjirde nûmer op it album en waard op 19 jannewaris 1989 útbrocht as tredde single fan it album. Yn 1994 waard it One noch ris útbrocht op single.

One (liet fan Metallica)
algemiene ynformaasje
B-kant The Prince
artyst Metallica
album ...And Justice for All
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 19 jannewaris 1989
opnommen 28 jannewaris1 maaie, 1988
doer 7:26 album,
5:02 single
label Elektra
skriuwer James Hetfield,
Lars Ulrich
produsint Metallica,
Flemming Rasmussen
fideoclip
Metallica: One (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân top 40 - 3,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 3,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 23
sertifisearre Grut-Brittanje sulver,
Feriene Steaten goud

Oer it nûmer bewurkje seksje

It nûmer is basearre op it idee fan in soldaat dy 't al syn lidmaten en kaken ferliest en net hearre kin, prate of sjen, tsjin de eftergrûn fan de Earste Wrâldkriich. De singleferzje fan it nûmer is twa en heale minút koarter as it orizjineel op it album ...And Justice for All.

Oer de fideoclip bewurkje seksje

One wie it earste nûmer fan Metallica dêr't in fideoclip foar makke waard. De fideo, regissearre troch Bill Pope en Michael Salomon, waard op 20 jannewaris 1989 op MTV foar it earst útstjoerd. De fideo, opnommen yn Long Beach (Kalifornje) op 7 desimber 1988, is hast folslein yn swart-wyt, en lit de band sjen dy 't it nûmer yn in magazyn útfiert. It befettet dialogen en ferskate sênes út de ferfilming fan Johnny Got His Gun út 1971. Timothy Bottoms is te sjen mei yn de haadrol Joe Bonham, de haadpersoan yn de roman (skreaun troch Dalton Trumbo en publisearre yn septimber 1939; de basis foar de film út 1971).

Der binne trije ferzjes fan de "One" fideoklip makke; de earste (de langste albumferzje) befette sênes fan sawol de band as sênes út de film. De twadde is gewoan in ferkoarte ferzje fan de earste, en de tredde, faak bekend as de "jammin"-ferzje", mist de sênes út de film.

Muzikanten bewurkje seksje