'Op een dag' is in liet fan de Fryske byldzjend keunstner en sjonger Gerrit Breteler.

Der waard fan him as âldste soan ferwachte dat er in wurdsje dwaan soe by it kommende ferstjerren fan syn heit. Tegearre mei syn Twintske heit socht er ferskate gedichten út, wêrûnder ien fan Willem Wilmink: Op een dag drink je geen Grolsch meer. (Dy rigel waard ek brûkt yn de reklamekampanje fan it Twintske biermerk Grolsch.) It fers waard troch Gerrit Breteler brûkt om in liet fan te meitsjen.[1] De tekst bestiet út twa Fryske kûpletten en dêrnei trije Nederlânsktalige. De einrigels Do silst de sinne fine, op dizze donkerblauwe jûn. Foar ivich sil 'r skine, do hast dyn frede fûn, binne wer Frysk.

Op Breteler syn twadde album Still stiet it liet as bonustrack mei in nij arranzjemint.[2]

Op een dag stie fan 2005 oant 2015 bij de heechste tsien nûmers fan de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân.

Te hearren op

bewurkje seksje
  • Still (2018, CD)
  • Lit us dêrom drinke (Sing Sing 2004, CD)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: