Opskuor wie in Fryske rockband en wie aktyf tusken 1993 en 2005.

Opskuor
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre rock
bestean 1993 - 2005
âld-leden Harry van der Werf drums (1993-1996)
Remmelt van der Wal gitaar (?-2000)
Marcel Postma bas (1993-2002)
leden
Sang Heine Veenstra
Gitaar Freerk Runia
Bas Daan de Koster
Drums Paul de Koster

De band waard yn 1993 oprjochte troch Heine Veenstra (sjonger), Harry v/d Werf (drummer) en Marcel Postma (basspiler). De band hat in protte eigen wurk makke. Yn 1998 is de CD 'Sa't is' útbrocht. Opskuor bestie doe út: Heine Veenstra (sjonger), Marcel Postma (basspiler), Remmelt van der Wal, (gitarist), Freerk Runia (gitarist) en Paul de Koster (drums). Paul de Koster hat yn 1996 drummer Harry ferfongen.

Yn 2000 is Remmelt van der Wal stoppe, omdat hy it te drok hie mei syn wurk. Twa jier letter is ek Marcel Postma stoppe. Hy is opfolge troch Daan de Koster. Fan 2002 oant 2005 is Opkuor trochgien as fjouwermansformaasje. Opskuor hat ferskate kearen op grutte festifals spile: Aaipop, Feanhoopfestival en Joppefestival ensfh. It lêste optreden wie op it doarpsfeest fan De Tynje yn septimber 2005.