Opstanningstsjerke (Foros)

De Opstanningstsjerke (Russysk: Воскресенская церковь, transliterearre: Voskresenskaja tserkov; Oekraynsk: Церква Воскресіння Христового, transliterearre: Tserkva Voskresinnja Chrystovoho) is in otterdokse tsjerke yn Foros tichteby it meast súdlike punt fan 'e Krim.

Opstanningstsjerke
Lokaasje
lân Ruslân[1]
Oekraïne
plak Foros
koördinaten 44° 24' N 33° 47' W
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
Arsjitektuer
arsjitekt Nikolai Michailovitsj Tsjagin
boujier 1888-1892
boustyl barok, neorussysk, neobyzantynsk
Kaart
Opstanningstsjerke (Krim)
Opstanningstsjerke

De tsjerke is fral bekend fanwegen de skildereftige lokaasje op in mear as 400 m hege rots, dy't op 'e Swarte See útsjocht en foarmet foar de regio in wichtige toeristyske attraksje.

Healwei de 19e iuw begûn de ûntwikkeling fan 'e omkriten fan Foros, dat oant dy tiid mar in lyts doarpke wie. Yn 1887 kocht de eigner fan it grutste teehannelsbedriuw yn it Russyske Ryk, de Moskovyt Aleksander Grigorjevitsj Kûznetsov, op oantrunen fan syn artsen in stik grûn by it doarp Foros om dêr in hearehûs te bouwen. Dy liet oan it begjin fan 'e jierren 1890 de tsjerke bouwe om te betinken dat tsaar Aleksander III mei syn hûshâlding de treinramp fan Borki yn 1888 oerlibbe hie.

De arsjitekt Nikolai Michailovitsj Tsjagin út Vilnius makke it ûntwerp fan 'e tsjerke mei eleminten fan Rastrelli's barok en russyske- en byzantynske neo-arsjitektuer.

 
De tsjerke tsjin it ein fan 'e 19e iuw.

Op 17 oktober 1898 besocht tsaar Nikolaas II en syn frou Aleksandra Fedorovna mei de bern de tsjerke om de ramp, dy't doe tsien jier lyn wie, te betinken.

Nei de Russyske Revolúsje fan 1917 en de boargeroarloch bleau de tsjerke noch gewoan iepen. Foros lei fier fan de grutte plakken ôf, mar sûnt 8 novimber 1920 waard in Revolúsjonêr Komitee op 'e Krim oprjochte en dat wie it begjin fan 'e Reade Terreur op it skiereilân. De tsjerke waard yn 1924 sletten en yn 1927 plondere. Alles ferdwûn sûnder in spoar efter te litten, de kandlers, it tabelnakel, de kroanluchter, de liturgyske klaaiïng, tsjelken oant en mei de ikoanen. De krusen waarden fan 'e koepels sloopt en de klokken omraand en yn 1934 waard de tsjerke oankocht troch in sanatoarium.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard der om de tsjerke fochten en de Dútsers brûkten it gebou om de hynders yn ûnder te bringen, sadat de mozaykflier skansearre waard.

Nei de oarloch waard yn 'e eardere tsjerke in restaurant iepene. By in besite fan Nikita Chrûsjtsjov en de sjah fan Perzje oan de Krim soe neffens it programma dêr iten wurde, mar doe't de sjah seach dat de tafels dekt wiene yn in earder tsjerkegebou wegere er dêr te iten om 't dat foar him godslasterlik wie. It iten gie net troch en de teloartelde Chrûsjtsjov joech letter opdracht om de tsjerke ôf te brekken, mar troch tafal waard dy opdracht net útfierd.

Mei de oanlis fan in nije dyk mear by de kust lâns kamen der minder toeristen by restaurant lâns. Op 't lêst waard it gebou foar opslach brûkt, oant der yn 1969 brân útbruts en ek it pleisterwurk mei ûnder de fervelaach de âlde beskileringen ferlern gie. Yn 1980 woe de gemeente it gebou oerdrage oan in projektûntwikkelaar, dy't dêr neibou plande. Mar de ynwenners fan Foros protestearden en dat betsjutte de rêding fan it tsjerkegebou, dat no as in monumint waard ynskreaun. Foar it earst folge der ûndersyk nei de steat fan it gebou en in ynventarisaasje fan wat der noch oerbleaun wie fan 'e âlde dekoraasjes.

Restauraasje

bewurkje seksje

Yn 1987 sette in team spesjalisten útein mei de restauraasje fan de tsjerke. Dat wie net yn 't lêste plak te tankjen oan in besite fan Raisa Gorbatsjov, dy't mei har man Michael yn 'e krite in simmerhûs bouwe litten hie.

Nei de foltôging dêrfan waard it gebou werom jûn oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. Sûnt 2004 folge noch in restauraasje fan it herstel fan it ynterieur, de glês-yn-leadramen, de beskildering en de details oan it gebou, sadat de tsjerke hjoed-de-dei wer yn 'e oarspronlike steat hersteld is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Воскресенская церковь (Форос)

  1. De Krim waard yn 2014 troch Ruslân anneksearre. De Ynternasjonale Mienskip erkend de anneksaasje net. Defakto falt it gebiet lykwols ûnder it bestjoer fan 'e Russyske Federaasje.