Opstriker
In opstriker is in stik ark dat nei it setten brûkt wurdt foar it fierder opbouwen fan de ierdappelrêgen.
Yn de rêgen waakse de ierdappels. De opstriker wurdt efter in trekker hongen. De rêgen wurde yn in tal kearen opboud (mei wol in pear wike dertusken), wêrby’t yn deselde loop it túch fuortwurke wurdt. Rêgen binne needsaaklik, om’t de ierdappels oars te min grûn oer har hawwe en se net mei in ierdappeldoller rispe wurde kinne.
Foar it opbouwen fan de rêgen is njonken de opstriker ek de ierdappelfrees yn gebrûk.