Trekker (lânboumasine)
In trekker, yntrodusearre yn 1901 is in ferfiermiddel dat spesjaal ûntwikkele is foar gebrûk yn de lânbou, mar no oeral foar brûkt wurdt. It wurd 'tractor' (ôflaat fan it Latynske: trahere dat "lûke" betsjut) is in algemiene omskriuwing foar in reau dat eat lûke, triuwe of slepe kin wat gjin eigen oandriuwing hat.
Oer it generaal binne de eftertsjillen grutter as de foartsjillen. Dêrtroch kin in trekker better ride yn it fjild. Troch it brûken fan dûbellucht, ofwol 2 pear eftertsjillen, kin de tsjildruk minder wurde. Sadwaande krijt de trekker mear skrep en sakket/drukt er minder yn de grûn. Tsjintwurdich wurde faker ekstra brede bannen brûkt, oant sels in meter breed, om de druk te ferminderjen. Mear druk betsjut mear ynspoaring en fertichtsjen fan de grûnstruktuer of skea oan it gewaaks; dêrom wurdt dit safolle mooglik mijd.
Skiednis
bewurkje seksjeTrekkers makken opgong oan de ein fan de 19e iuw. Sy waarden doe meast troch stoommasines oandreaun. Begjin 20e iuw waard oergien op ferbaarningsmotors; yn Europa meast op diselmotors en yn Noard-Amearika ek in protte op benzinemotors, dy't faak ek gaadlik wienen om op kerosine te riden. Kerosine hat lykwols in folle hegere ûnstekkingtemperatuer as benzine. Dêrom kinne ditsoarte motors, at de motor kâld is, allinne mar starte op benzine. At de motor waarm is kin oerskeakele wurde op petroalje (kerosine). By it útsetten fan de motor moat op 'e tiid oergien wêze op benzine, om letter wer mei in kâlde motor starte te kinnen.
Foarskriften
bewurkje seksjeDer jilde ferskate regels foar de trekker as ferkearsdielnimmer. In trekker mei net bestjoerd wurde troch persoanen jonger as 16 jier en 16- of 17-jierrigen moatte in trekkerrydbewiis hawwe. Folwoeksenen (18+) dy't al in B-rydbewiis hawwe, hoege gjin apart trekkerrydbewiis te heljen.
-
Trekker mei oanhinger
-
Trekker, merk Massey Ferguson
-
Mercedes-Benz dieseltrekker OE
-
Trekker, merk Same: Rubin 150
-
Volvo T25.1 mei benzinemotor út 1956
-
Lanz Bulldog, boud fan 1939 oant 1960
-
Allis-Chalmers WD
-
John Deere 3050 mei feilichheidskabine
-
County Commercial Super Four 754
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tractor fan Wikimedia Commons. |