Massey Ferguson is ien fan de grutste bouwers fan lânboumasines - yn it bysûnder fan trekkers. It bedriuw hat 37 eigen fabriken yn njoggen lannen. Mei de associées en lisinsjehâlders wurde syn produkten makke yn 85 fabriken yn 31 lannen. Dizze produkten wurde ferkocht yn 190 lannen.

Massey Ferguson FE 35
Massey Ferguson 3660

Massey Ferguson hat trekkers, rispmasines en ferskate kombinaasjes, masines foar gemeentlik wurk, en foar wurk yn tunen en parken.

Tsjintwurdich is Massey Ferguson in ûnderdiel fan AGCO.

It bedriuw is groeid út de fúzje fan trije ferskillende lânboubedriuwen: Massey, Harris en Ferguson. Massey waard oprjochte yn 1847 yn Newcastle, Ontario troch Daniel Massey as: Newcastle Foundry and Machine Manufactory. Harry Ferguson, berne yn Ierlân yn 1884, boude auto's, motorfytsen en fleantugen. Yn 1914 stapte hy oer op lânboumasines. Doe't Harry kaam te ferstjerren yn 1960, sette Ferguson syn eigen produksjeline yn Ingelân iepen. Ek waard in fabryk yn Detroit iepene. Sûnt 1951 wienen der Ferguson trekkers mei diselmotor leverber.

Keppeling om utens

bewurkje seksje