Oranjestêd (Arûba)

Oranjestêd (Nederlânsk en offisjeel: Oranjestad) is de haadstêd fan Arûba. De stêd leit oan de westkante fan it eilân, der wenje likernôch 30.000 ynwenners it grutste plak fan it eilân en wurdt op it eilân ek wol Playa neamd.

Oranjestêd
It sintrum fan Oranjestêd.
It sintrum fan Oranjestêd.
Bestjoer
Lân Nederlân
Lân Arûba
Sifers
Ynwennertal 29.998 (2010)
Hichte 4 m
Oar
Stifting 1796
Koördinaten 12° 31' NB, 70° 02' WL

Foar 1790 wie it súdliker lizzende Savaneta de haadstêd fan Arûba, mar Oranjestêd wie foar skippen better berikber. De stêd is boud om Fort Zoutman, dat yn 1796 troch de Nederlanners boud is om it eilân te ferdigenjen. Earst hie de stêd gjin offisjele namme, it stie bekend as de Hynstebaai. It kaam oan dy namme omdat it in plak wie dêr’t in soad hynders ferskippe waarden nei Kurasau. It fort is tsjintwurdich noch ien fan de grutte toeristenlûkers fan it eilân. Oare plakken dêr’t in soad toeristen op ôfkomme binne de belêstingfrije haven en de Willem III Toer, dat deunby it fort stiet.

Oranjestêd is neamd nei kening Willem I fan de Nederlannen, de earste erfgenamt fan it Hûs fan Oranje. De namme waard yn 1820 oan de stêd jûn doe’t de ynteresse yn Arûba grutter waard nei de fynst fan goud op it eilân.

 
Nederlânske arsjitektuer yn Oranjestêd.

Lytse parten fan de stêd binne foarme troch it winnen fan lân op de see. De hjoeddeiske Renêssânce Merke en it Keninginne Wilhelmina Park lizze yn dit gebiet.

Nederlânske koloniale arsjitektuer is minder oanwêzich as op Kurasau, mar ferskate nijmoadrige gebouwen binne boud yn dy styl, wêrûnder it winkelsintrum by Royal Plaza, en in stik as wat gebouwen by de haadstrjitte en it sintrale plein. Trochdat de oerheid no mear dwaande is mei it behâld fan it histoaryske erfgoed, binne ferskate âlde gebouwen en huzen yn it sintrum fan de stêd feroare yn kleurfolle lânmerken, bygelyks de sivile rjochtbank oan de Wilhelminastrjitte.

Tichtby Oranjestêd, op likernôch 2,5 kilometer, leit de ynternasjonale lofthaven Keninginne Beatrix Ynternasjonaal Fleanfjild.

De wichtigste winkelstrjitte is Caya G. F. Betico Croes, ferneamd nei de politikus Betico Croes, dy’t yn 1986 ferstoar. Mar hieltyd mear minsken geane nei de Lloyd G. Smith Bûlevaar. Dit omdat it tichter by de haven leit.

Oranjestêd hat de grutste haven fan it eilân, dat fiif grutte skippen tagelyk losse kin. Yn 2003, binne mear as 200 kontenerskippen lost troch de haven. In lytsere haven foar lytsere skippen is by Barcadera, fiif kilometer nei it easten. Der binne plannen om de kapasiteit fan de havens út te wreidzjen en om mear romte te meitsjen foar de plesierfeart en fiskersboaten.

It ferkear yn it sintrum fan de stêd wurdt mei de jierren in grutter probleem foar de forinzen. De oerheid wurdt ûnder druk setten om hjir wat oan te dwaan. Ein 2006 waarden der plannen ûntwikkele om in rotonde te meitsjen by de haadbûlevaar by it belêstingfrije gebiet, dat ien fan de drokste krúspunten fan it eilân is. De plannen binne yn 2008 ôfmakke. Yn de tuskentiid binne ferskate bedriuwen en oerheidsôfdielingen ferfard nei plakken bûten it sintrum fan de stêd, dat soarge foar in foarútgong yn de bou en modernisearring fan gebouwen.

Oranjestêd is it thús fan de Universiteit fan Arûba, dat stúdzjes jout op it mêd fan rjocht en ekonomy. Yn Oranjestêd stiet ek de grutste middelbere skoalle fan it eilân, Colegio Arubano.

De All Saints Universiteit fan de Medisinen is ek fêstige yn Oranjestêd. Der wurdt yn it Ingelsk les jûn.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Museo Arubano, oer de skiednis fan it eilân
  • Archeologysk museum
  • Museo Numismatico