In ossikoan is ien fan 'e beide permaninte stompe útgroeisels boppe-op 'e kop fan sjiraffen, okapys en harren útstoarne sibben, lykas Sivatherium en Climacoceras. Sokke ossikoanen wurde troch leken yn 'e regel oansjoen foar en betitele as hoarnen, mar dat binne se net.

Ossikoanen.

Ossikoanen ferskille fan 'e hoarnen fan antilopen en kobisten trochdat se fuortkomme út ferkalke kreakbien ynstee fan libbene bonke. Boppedat binne ossikoanen oerdutsen troch in hûdlaach dy't begroeid is mei hier, wylst hoarnen in deklaach fan keratine hawwe, mar gjin hûd. It gewei fan harteftigen bestiet krekt as hoarnen út bonke ynstee fan kreakbien, mar as in gewei oangroeit, wurdt it earst noch oerdutsen in laachje hûd, dat 'ferwiel' neamd wurdt. Sadree't it gewei folgroeid is, lit dy hûd los en wurdt it ôfskrabe. De ossikoanen fan sjiraffen en har sibben bliuwe lykwols foargoed oerdutsen mei hûd en hier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.