Ossuarium
In ossuarium of skrinkelhûs (yn it lyts bienkou as bonkehok) is in gebou op in begraafplak of in part fan in tsjerke, dêr't bonken fan deaden bewarre wurde (bygelyks de bonken dy't fûn wurde by it dollen as leechmeitsjen fan grêven). It wurd komt fan it Latynske os, dat bonke betsjut. In ferneamd ossuarium is dy fan Douaumont, dêr't de oerbliuwsels fan goed 130.000 Frânske en Dútske soldaten dy't yn de Slach by Ferdun yn de Earste Wrâldkriich omkaam binne bewarre wurde.
Yn it ossuarium fan Sedlec in de Tsjechyske stêd Kutná Hora binne bonken brûkt foar it meitsjen fan objekten, sa as in kandler.
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ossuaries fan Wikimedia Commons. |