Ostgroßefehn is in doarp yn 'e Eastfryske gemeente Großefehn yn it súdeasten fan it distrikt Auwerk. Yn Ostgroßefehn stiet it gemeentehûs fan Großefehn. Westlik fan Ostgroßefehn leit de B72 dy't Hesel mei Auwerk ferbynt.

Om 1790 hinne setten de earste minsken har nei wenjen. Tusken 1828 en 1882 hie it doarp in eigen glêsfabryk. Der waarden blompotten, bekers en flessen foar apoteken, sliterijen, bierbrouwerijen en kroegen makke. Normale ruten waarden der ek makke. Doe't oan 'e ein fan de 19e iuw de wiken oanlein waarden, begûn de feankolony te groeien.

Yn it jier 1835 waard it 200-jierige jubileum fan Großefehn fierd. Oan it haadkanaal waard in ierden heuvel makke, dy't hjoed-de-dei noch hieltyd it heechste punt fan de gemeente is. Yn 1895 krige it doarp in eigen evangelysk-luterske tsjerk, dy't yn neogoatyske styl boud waard.

Keppeling om utens

bewurkje seksje