P. Noordhoff
P. Noordhoff wie in útjouwerij yn Grins. It bedriuw waard 1858 stichte troch Popko Noordhoff (1833-1903) en letter fuortset troch syn soan Jaap. De útjouwrij siet yn de Oude Boteringestraat, fuort njonken grutte konkurrint J.B. Wolters. Yn 1968 fusearre beide Grinzer útjouwers ta Wolters-Noordhoff. 2008 waard de namme fan it fúzjebedriuw wizige yn Noordhoff Uitgevers; dat wie fanwege de ferkeap fan de edukative útjouwerij troch memmeconcern Wolters Kluwer.