J.B. Wolters
Utjouwerij J.B. Wolters wie in útjouwerij fan almeast skoalboeken, festige yn Grins.
It bedriuw waard yn 1836 stichte troch Jan Berends Wolters (1808-1860) en hat bestien oant 1968, doe't it fusearre mei P. Noordhoff en Wolters-Noordhoff waard. Wolters hat ek lange jierren in festiging yn Batavia (Nederlânsk-Ynje) hân. De meast bekende útjefte fan de útjouwerij wie De Grote Bosatlas, dy't tsjinwurdich troch it fúzjebedriuw útjûn wurdt. Ek de De Bosatlas van Fryslân waard troch dat bedriuw útjûn. Sûnt 1958 wie der ek in Belgyske ôfdieling dy't yn Leuven festige wie.
Oare bekende útjeften
bewurkje seksjeIn kar:
- Nederlandsche Schoolplaten, ûnder oare:
- Twintig platen voor aanschouwingsonderwijs 1891, 1895 fan H. Scheepstra en W. Walstra, Stiendruk f. P.W.M. Trap.
- Schoolplaten voor de Vaderlandsche Geschiedenis, 1910-1971 De geschiedenis gekleurd en 1979, door auteurs J. W. de Jongh en H. Wagenvoort (vanaf 1940 J.J. Moerman en vanaf 1954 D. Wijbenga). Yllustratoaren wiene Gerard van Hove, J.H. Isings Jr., C. Jetses, J.J.R. de Wetstein Pfister, Hermann Wislicenus, G. Westerman en J. Hoynck van Papendrecht
- Dieren in hun omgeving - 1e Serie, In ons land, 1931-1979, troch L. Dorsman Czn., K. M. Knip en A. Mellink, yllustrearre troch M. A. Koekoek.
- Wurdboeken, ûnder mear Koenen
-
Skoalplaat Dieren in hun omgeving - In sloot en plas (L. Dorsman, K. M. Knip, A. Mellink, M. A. Koekoek, útj. J. B. Wolters)
-
Katalogus foar de Nederlandsche Schoolplaten, J. B. Wolters - Grins, De Haach Wolters, 1927
-
Auteur dr. J.B. Drewes presintearret syn Wolters wurdboek Eigentijds Nederlands Grote Koenen, 21 oktober 1986.
Foto Rob Croes.