Panagia Chryseleousa (Emba)

De Panagia Chryseleousa is in tsjerkegebou fan 'e Syprioatyske-Otterdokse Tsjerke yn Emba op it eilân Syprus.

Panagia Chryseleousa
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
Distrikt Pafos
plak Emba
adres Nikolaou Ellina
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
Kaart
Panagia Chryseleousa (Syprus)
Panagia Chryseleousa

De tsjerke waard yn 'e 12e iuw ynearsten as in krúsfoarmich gebou mei tonferwulften en in koepel oer de krusing boud. Op in letter stuit waarden de romten tusken de krúsearmen útboud en fergrutte ta in krúskoepeltsjerke. Yn 1744 waard in twadde koepel yn it west en in narteks tafoege. Yn dy tiid tsjinne de tsjerke ek as kleastertsjerke.

 
Fresko's.

Fan 'e bewarre fresko's yn 'e tsjerke is in foarstelling fan Kristus as Pantokrator yn 'e krusingskoepel út de lette 15e iuw it neamen wurdich. De ikonostaze is 16e-iuwsk.

Fuort njonken de Panagia Chryseleousa stiet de monumintale nije parochytsjerke fan Empa, dy't oan 'e apostel Andréas wijd is.

  • Gwynneth de Parthog: Byzantine and Medieval Cyprus. A Guide to the Monuments. London 1995, siden 88–90.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Panagia Chryseleousa, Emba fan Wikimedia Commons.