Panagia Katholiki (Kouklia)
De Panagia Katholiki (Gryksk: Παναγία Καθολική) is in tsjerkegebou yn Kouklia yn it Syprioatyske distrikt Pafos.
Panagia Katholiki Παναγία Καθολική | ||
Lokaasje | ||
lân | Syprus | |
plak | Kouklia | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 'e 12e iuw boud as in krústsjerke mei in koepel oer de krusing. De tsjerke hat in tonferwulft en wurdt eastlik ôfsletten mei in healrûne apsis. De tsjerke stiet eastlik fan it Afrodite-hillichdom en boufragminten dêrfan binne yn 'e tsjerke brûkt. Oan 'e noardlike kant is in wetterspijer yn 'e foarm fan in wylde baarch.
By goarres en drûchte wurdt de tsjerke mei tou omfieme. Dat op it heidendom bassearre gebrûk wurdt fan 'e Syprioatyske Tsjerke tolerearre en hat as doel om it hillige fan it wrâldske te skieden en kweade geasten út te bannen.
Yn 'e tiid fan it Frankyske bewâld fan it Hûs fan Lusignan hearde de tsjerke by it keningsgoed Couvoucle. Under it Fenesiaanske bewâld tusken 1489 en 1571 waard de tsjerke oan 'e westlike kant útwreide en waard in letgoatyske arkadegong om 'e tsjerke en in portaal tafoege.
Yn 'e tsjerke binne wat 14e-iuwske fresko's bewarre bleaun. Dêrûnder is in foarstelling fan Kristus as Pantokrator yn 'e koepel, in portret fan 'e hillige biskop Terapon en in foarstelling fan 'e Eufraat en de Tigris fan wetter dy't de hôf fan Eden bewetterje, in fragmint fan in gruttere foarstelling fan it Lêste Oardiel.
Literatuer
bewurkje seksje- Gwynneth de Parthog: Byzantine and Medieval Cyprus. A Guide to the Monuments. London 1995, S. 62f.
- Lenia und Barnim Heiderich: Zypern. Der Süden der Republik. DuMont Buchverlag Köln 1992, S. 41 und S. 207, ISBN 3-7701-2696-3.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Panagia Katholiki, Kouklia fan Wikimedia Commons. |