Pander (bedriuw)
Pander (1855-1985) wie in Nederlânsk meubelfabrikant en fleanmasinebouwer.
Skiednis
bewurkje seksjeKlaas Pander (1819 - 1897) fan Bloksyl wie de stamheit fan it bedriuw. Hy ferkocht de bizen matten, dy't by't winter makke waarden troch de fiskers fan Bloksyl, yn Gouda en letter yn De Haach. Yn 't earstoan ferkocht er dy matten op it skip oan de kade.
Yn 1878 begûn er in winkel oan de Wagenstraat 21. De hannel waard, mei op oanstean fan syn soan Hendrik útwreide mei gerdinen, linoleum, tekkens en meubels.
Yn 1885 waard der in filiaal yn Amsterdam ieppene, earst yn de Regulierbreestrjitte en letter yn de Kalverstrjitte. Klaas Gerard (1866-1938), in soan fan Hendrik, waard direkteur yn Amsterdam.
Yn 1887 iepene Hendrik Pander (1842-1893), de soan fan Klaas, yn De Haach it Pander Meubelfabryk oan de Súd-Westsingelgreft (no it Buitenom). Earder wie dêr it moalfabryk Hollandia festige. Om 1900 hinne makke Pander ek matrassen. De namme fan it bedriuw waard feroare yn H. Pander & Zonen. Nei it ferstjerren fan heit Klaas naam Hendrik de hannel oer. Yn 1893 folge syn soan Klaas Gerard him op.
Yn 1889 waard Pander in VOF (fennoatskip ûnder firma) dêr't ek Harmen Pander (1871-?) syn oandiel yn hie. De saken giene goed. It bedriuw krige wichtige opdrachten sa as de ynrjochting fan it Fredespaleis yn de Haach en it Koloniaal Ynstitút yn Amsterdam. Yn 1907 waard in houtwerf yn Riiswyk (SH) iepene. Der kamen festigingen yn oare plakken en yn 1937 waard Pander in nameleaze fennoatskip.
It bedriuw naam yn 1924 it fallite Vliegtuig Industrie Holland (VIH) oer en krige sadwaande de yngenieur-ûntwerpers Theodorus Egbert Slot en H. Van der Kwast yn tsjinst. Harmen Pander waard de direkteur. Pander sette dêrnei út ein mei de Nederlandse Fabriek van Vliegtuigen H. Pander & Zonen. It earste fleantúch dat produsearre waard wie in ferbettere ferzje fan de VIH Holland H.2, dy't de namme Pander D krige.
Yn 1929 kaam de Dútske sweeffleanmasinebouwer Alexander Lippisch nei Nederlân dy't Theo Slot op it idee brocht om it earste Nederlânske sweeffleantúch te bouwen, dat wie yn 1930. Dat tastel, de P-1 Zögling, wie in kopy fan de Stamer und Lippisch Z-12 Zögling.
It bedriuw makke in lyts tal trenings- en sportfleantugen, dêr't de Pander S4 Postjager, in ûntwerp fan Theo Slot, faaks de bekendste fan wie. It idee foar it ûntwerp kaam fan de fleander Dirk Asjes, dy't ûntefreden wie oer de heakjende ûntjouwing fan de Nederlânske loftposterij. Hy fersocht Pander om in spesjale postfleanmasine te ûntwerpen. It tastel krige de oantsjutting S.4 en de namme Postjager as Panderjager (en letter fanwege syn technyske ûnbetrouberens Pechjager).
Oktober 1933 wie de flecht mei de Panderjager nei Nederlânsk-Ynje. Der moast in needlâning yn Itaalje makke wurde, mar úteinlik waard Batavia berikt nei in fleantiid fan 72 oere en 20 minuten.
Yn 1934 die de Panderjager mei oan de MacRobertson Air Race fan Londen nei Melbourne. Yn Allahabad, Yndia, rekke it lâningsgestel skansearre by de lâning, mar dat koe makke wurde. By oanrin ta it opstigen botste it tastel lykwols op in trekker en fleach yn 'e brân. De bemanning bleau sparre. It ûngemak betsjutte de ein fan Pander. De ynboel en konstrukteur Theo Slot giene nei De Schelde Skipswerf yn Flissingen.
Yn de Twadde Wrâldoarloch brocht Henk Pander, wilens in oertsjûge lid fan de NSB, it fabryk wer op 'e rit. Der waarden 555 sweeffleantugen fan it type SG-38 foar it paramilitêre Nationalsozialistische Fliegerkorps (NSFK) boud en it bedriuw reparearre Dútske tastellen reparearre. Nei de oarloch waard Henk Pander om reden fan kollaboraasje oppakt. De iennige Panderfleanmasine dy't bewarre bleaun is, is in SG-38, dy't yn it Suomen Ilmailumuseo (Finsk Loftfeartmuseum) yn Helsinki te sjen is.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Aviodrome
- De crash fan de Panderjager
- (in) Suomen Ilmailumuseo (Finsk Loftfeart Museum)
- Aeropedia mei foto's
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|