Pandora Peaks, echte namme: Stephanie Schick (Atlanta, 12 april 1964), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en mainstream-aktrise. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har karriêre as stripper se 1.63 m, mei in gewicht fan 55 kg. Hja stie fral bekend fanwegen har grutte boarsten (kupmaat 42J), dy't se krigen hie troch ferskate boarstfergruttingsoperaasjes te ûndergean. Peaks waard by in breder publyk ferneamd troch har memorabele rol as de stripper Urbanna Sprawl, ien fan Demi Moore har kammeraatskes yn 'e Hollywood-film Striptease.

Pandora Peaks
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Stephanie Schick
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 april 1964
berteplak Atlanta (Georgia)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Dútsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper
jierren aktyf ±19852000
offisjele webside
www.pandorapeaks.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Pandora Peaks waard yn 1964 berne yn Atlanta, yn 'e steat Georgia. Se groeide op yn in tige behâldende súdlike húshâlding. Se studearre oan 'e Universiteit fan Georgia en behelle dêr in bachelorstitel yn finânsjes. Neitiid wurke se in hoart as bankier by Citibank, ien fan 'e grutste Amerikaanske banken. Mids jierren tachtich sette se útein as eroatysk dûnseresse te wurkjen yn stripklubs, yn 't earstoan as bybaantsje. Doe't se lykwols murk hoefolle jild oft dêrmei te fertsjinjen foel, liet se har boarsten fergrutsje en ferfear se nei Los Angeles, yn Kalifornje, om har folslein op it strippen ta te lizzen.

Njonken har karriêre as stripper begûn Peaks ek te posearjen foar neakenblêden. Sa stie se bygelyks yn 'e Playboy, en yn grutte-boarsteblêden as Score, Hustler's Busty Beauties, Gent en Bust Out! Yn totaal liet se har ûnder har karriêre mear as hûndert kear foar sokke tydskriften op 'e foto sette. Ek posearre se yn 'e jierren njoggentich as katalogusmodel foar it swimkleanmerk Pango Pango, dat bewize woe dat harren baaiklean eltse frou pasten, al hoe'n útwrydsk figuer oft se ek hawwe mocht.

Peaks beheinde har har hiele karriêre ta neakenfotografy, en liet har nea yn mei pornografy. Tusken 1994 en 2001 makke se njoggen fideo's, dy't krektlyk neat ekstremers toane as har bleate lichem. Dêrûnder wie de dokumintêre Pandora Peaks, it lêste projekt dat filmmakker Russ Meyer yn 2001 foar syn dea foltôge. Yn 1991 hie Peaks in rol (as spionne Atlanta Lee) yn 'e B-film Do or Die, in spionaazjethriller fan regisseur Andy Sidaris. Yn 1996 briek se troch nei in breder publyk troch har belutsenens by de mainstream-Hollywoodkomeedzje Striptease, wêryn't aktrise Demi Moore in stripper spilet dy't yn 'e swierrichheden komt as in korrupt politikus (spile troch Burt Reynolds) fereale op har rekket. Peaks waard earst frege as adviseur foar de film, en nei't it skynt wie sy it dy't Demi Moore learde te dûnsjen as in stripper. Letter waard har in lyts roltsje yn 'e film jûn, as Urbanna Sprawl, ien fan Moore har stripper-kollega's en -freondinnen. Pandora Peaks beëinige har karriêre as stripper yn 2000.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.