Likenis

(Trochferwiisd fan Parabel)

In likenis of gelikenis of parabel is in literêr sjenre yn 'e foarm fan in koart ferhaal, itsij yn proaza of op rym, wêrmei't ien of mear begjinsels, lessen of normative prinsipes yllústrearre wurde. It is in soarte fan analogy dy't ôfwykt fan 'e fabel, mei't yn fabels bisten, planten en foarwerpen de (haad)rollen ferfolje, wylst dat yn likenissen dien wurdt troch minsken.

Likenissen wurde fral brûkt yn religieuze kontekt, en binne oerlevere út û.m. it joadendom, it kristendom, de islaam en de easterske godstjinsten. Se binne yn it Westen lykwols benammentlik bekend as útspraken fan Jezus fan Nazaret, út 'e kanonike evangeeljes fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. De meast ferneamde likenissen fan Jezus binne nei alle gedachten de Likenis fan de Barmhertige Samaritaan (Lukas 10:29-37) en de Likenis fan de Ferlerne Soan (Lukas 15:11-32). Yn it foarwurd fan syn boek De Poarten fan it Wâld jout de Joadsk-Amerikaanske skriuwer Elie Wiesel in werfertelling fan in chassidyske likenis wer, dy't wol bekendstiet as God Hat de Minske Skepen, Om't Er fan Ferhalen Hâldt.