In parlefinker is in ûndernimmer dy't mei de boot syn negoasje, meastal iten en drinken, ferkeapet. De namme parlefinker of zoetelaar waard op de rivier brûkt, yn havens waard praat fan kadraaie of kaaidraaier.

Parlefinker. Molkboer Gerrit út Oude Wetering bringt flessen mei molke oan board fan in skip. Foto út 1930
De lêste parlefinker op de Skelde yn België yn 1957

Parlefinkers wienen op de grutte rivieren, op de (Fryske) marren en yn havens yn Nederlân en België te finen. Yn Fryslân smiet it simmerdeis in protte op fanwegen de toeristen.

It berop is praktysk útstoarn. De lêste Nederlânske parlefinker - Wim van Hooren út Belfeld, dy't 44 jier mei syn heite skip Time is money op de Maas farre, hâlde dêrmei op yn 2008. It havenmuseum Rotterdam krige syn boat yn brûklien yn april 2008.[1] Sûnt septimber 2015 leit de Time by Museumwerf Vreeswijk.

Parlefinker wie ek de namme fan it boatsje dêr 't it guod mei transportearre waard. Ynearsten barde dat mei roeiboatsjes. Yn letter jierren wiene se as flugge, lytse, manûvrearbere motorboatsjes yn ien eachopslach werom te kennen tusken de binnenfeartskippen.

Belestingfoardiel ôfskaft

bewurkje seksje

Neigeraden skippers op de binnenfeart tanimmend beskikten oer iepenbier ferfier of eigen ferfier op de wâl, naam de negoasje fan de parlefinker ôf. Dat hie ek oare oarsaken, dy't taljochte waarden yn de reportaazje út 1978 fan it Polygoonsjoernaal. Yn Nederlân koene in soad parlefinkers nettsjinsteande weromrinnende ferkeap har hannel noch trochsette troch in aparte fiskale posysje dy 't hja lange tiid hiene. De parlefinkers koene op 'e rivieren nammentlik guod dêr 't oars aksyns oer betelle wurde moast, lykas tabaksguod en alkohol, belestingfrij ferkeapje. Al yn 1998 drige dy aksynfrijstelling troch it Ministearje fan Finânsjes ynlutsen te wurden. Dy frijstelling soe nammentlik fraude yn 'e hân wurkje kinne, wat nammers nea oantoand is. Wol soe de frijstelling yn ferbân mei de Europeeske ienwurding dreech te ferdigenjen wêze. Tsjin 2007 wiene der noch 15 ûndernimmingen yn Nederlân yn dizze brânsj aktyf, mei sa 'n 150 wurknimmers.[2] De fiskale frijstelling waard úteinlik fan 1 jannewaris 2007 ôf ôfskaft troch Steven van Eijck, steatssekretaris fan it Ministearje fan Finânsjes út namme fan de List Pim Fortuyn (LPF) yn it kabinet-Balkenende I. Dat wie feitliks de ein foar de parlefinkers, de langs varende verkoop yn Nederlân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schuttevaer, 18 april 2009, foarside
  2. Trouw, Parlevinkers/David gaat aan wal, 29 juny 2006.