Pasjkov-hûs
It Pasjkov-hûs (Russysk: Пашко́в дом; Pasjkov Dom) is in klassistysk gebou yn Moskou en eigendom fan de Russyske Steatsbibleteek.
Pasjkov-hûs Пашко́в дом | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
koördinaten | 55° 44' N 37° 36' E | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1784-1786 | |
arsjitekt | Vasili Bazjenov (taskreaun) | |
boustyl | klassisisme | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 771420967610006 | |
offisjele webside | ||
tsaritsyno-museum.ru |
Bou
bewurkje seksjeYn de 20e iuw wiene de mienings ferdield oer de arsjitekt, om't dêr gjin skriftlike bewizen fan oerlevere binne. It ûntwerp wurdt taskreaun oan Vasili Bazjenov fanwegen de mûnlinge tradysje en syn karakteristike boustyl.
It gebou makket fral yndruk troch de lokaasje en de opbou. It hûs stiet nammentlik op in hege heuvel op in hoeke fan twa strjitten, dy't nei ûnderen rinne. It hûs stiet foar de Borovitski-heuvel oer, dêr't it kremlyn op leit en is it earste sekuliere bouwurk fan wêrút oer de katedralen, tuorren en gebouwen fan it kremlyn hinne sjoen wurde koe.
Neffens guon boarnen hat de oarspronklike kleur fan it gebou oranje west. Op de kroan fan de koepel stie oarspronklik it byld fan Minerva (of Mars), dat tsjinne as symboal fan de oerwinnings fan Katarina II. Har soan Paul I ferordonearre om dat byld wei te heljen.
Yn de tiid fan de Napoleontyske ynvaazje yn Ruslân yn 1812 rekke it Pasjkov-hûs slim skansearre; in houten belvedère dy't it gebou foltôge mei in kollonade fan de korintyske oarder waard ferneatige. Ek in grutte byldegroep en it wapen fan Pasjkov op de sintrale portyk waard nea wer rekonstruëarre.
Eigeners
bewurkje seksjeIt stedsslot waard boud foar kapitein-luitenant Pjotr Pasjkov. Nei de dea fan Pasjkov en syn frou erve in omkesizzer it stedsslot en dy ferkocht it yn 1839 oan de universiteit fan Moskou. It gebou waard yn 1861 oerdroegen oan it Rûmjantsev Museum om dêr de bibleteek en oare kolleksjes yn ûnder te bringen.
Nei't de Sovjet's yn 1921 sa'n 400 oare partikuliere bibleteken konfiskearre hie, waarden dy oan it museum tafoege. Al it oare waard út it museum ferwidere en tenei bleau allinne de bibleteek yn it museum, dy't doe de namme Lenin Bibleteek krige. Tsjintwurdich is it Pasjkov-hûs noch jimmeroan in bibleteek.
Tusken 1988 en 2007 wie der in restauraasje fan it gebou. Yn de rjochterfleugel is de manuskripte-ôfdieling ûnderbrocht en yn de lofterfleugel de muzyk- en kartografyske ôfdieling.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Дом Пашкова
|