Pastelkleur

(Trochferwiisd fan Pastelrôze)

In pastelkleur is in kleur dy't karakterisearre wurdt troch in hege mjitte fan ljochtens en in lege fersêdingsgraad. Men kin fan eltse suvere kleur in pastelkleur meitsje troch him te mingen mei wyt of ljochtgiel. Fan oarsprong is pastel de Frânske namme foar wedeblau, in kleurstof dy't wûn wurdt út 'e plant wede (Isatis tinctoria). Dy wie yn 't earstoan felblau, mar ferfletste al rillegau. Dêrom waard de kleurstof letter ferfongen troch it bettere (want kleurfêstere) indigo.

Pastelkleurige kralen.

Pastelkleuren wurde in protte brûkt foar klean fan jonge bern; sa wurde nijberne poppen gauris klaaid yn klean dy't sêft ljochtblau (jonkjes) of ljochtrôze (famkes) binne. Yn 'e 1980-er jierren wie it moade om manljusklean yn pastelkleuren te meitsjen, in trend dy't popularisearre waard troch de bekende Amerikaanske plysjesearje Miami Vice. De haadpersonaazjes Sonny Crockett (spile troch Don Johnson) en Ricardo Tubbs (Philip Michael Thomas) droegen yn seizoen 1 en 2 nammentlik útslutend pastelkleurige pakken.

Foarbylden fan pastelkleuren:

#fea3aa                            
#f8b88b       
#faf884       
#baed91       
#b2cefe       
#f2a238       

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.