Ana Paula da Silva Patricio Gomes (Lissabon, 20 jannewaris 1958) is in Portegeesk-Nederlânsk presintatrise. Nei in stúdzje Frânsk sette se út ein as aktrise.

Paula Patricio
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Paula Patricio yn 2010
Paula Patricio yn 2010
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ana Paula da Silva Patricio Gomes
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 20 jannewaris 1958
berteplak Lissabon
etnisiteit Portugeesk
wurkpaad
wurksum as Presintatrise, aktrise
medium tillefyzje
wurksum by VARA, KRO, Teleac
jierren aktyf 1987 – no
offisjele webside
Offisjele webside

Patricio wie foar it earst op de Nederlânske telefyzje te sjen yn in gastrol yn de doedestiids tige populêre comedyrige Zeg 'ns Aaa. Dêrnei waard hja omropster by de VARA. Ek presintearre se ferskate programma's foar de VARA, lykas it TV-Werkjournaal en VARA's Belastingshow.

Yn 1993 gie Paula Patricio by de VARA wei. Se presintearre in kursus Portugeesk foar Teleac en wurke by de KRO. Paula Patricio presintearre yn it tf-seizoen 1999/2000 foar de KRO de filmkwis Voor een briefkaart op de eerste rang. Tegearre mei har eartydske freon Henk Temming skreau se in tal songteksten, ûnder mear foar De Kast, Paul de Leeuw en Kinderen voor Kinderen. Yn 2009 skreau se in stikmannich nûmer foar it album Chords of Life fan Jan Keizer.

Yn 2000 presintearre Paula Patricio foar de lêste kear in programma foar de publike omrop. Hjoed de dei jout se ûnder oaren presintaasjekursussen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje