Paula Nkoyo Udondek (Lagos, 15 febrewaris 1967) is in Nederlânsk telefyzje-presintatrise, aktrise, kollumniste en (toanielstikkeskriuwster. Har heit is in Nigeriaan, har mem in Nederlânse.

Paula Udondek
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Paula Udondek, foto Roel Wijnants
Paula Udondek, foto Roel Wijnants
persoanlike bysûnderheden
echte namme Paula Nkoyo Udondek
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 febrewaris 1967
berteplak Lagos
etnisiteit Nederlânsk
Nigeriaansk
wurkpaad
medium tillefyzje
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Nei de middelbere skoalle studearre se twa jier teäterwittenskippen en stapte dêrnei oer nei de toanielskoalle. Yn 1993 studearre se ôf en krige dêrnei in stúdzjebeurs foar in heal jier foar aktearles oan de universiteit fan West-Firginia. Nei't hja weron yn Nederlân wie, hat se by ferskate teäterselskippen oan 't wurk west.

Udondek hat ferskaat oan telefyzjeprogrammas presintearre, lykas Waku Waku. Op telefyzje briek se echt troch mei de presintaasje fan de kwis Get the Picture wêrmei't se goed trije jier fiif kear yn 'e wike op telefyzje ferskynde. Se hat it programma 1215 kear presintearre. Ek brocht se in tal jierren Knoop in je Zakdoek en presintearre se ferskate festivals, ûnder oaren it Kinderrechtenfestival, HaSchiBa en de UITmarkt.

Udondek is fierders ambassadrise foar de Harsensstichting en it boechbyld fan de Stichting VT&T. Fan 2004 oant 2005 hie se alle wiken in kollumn yn ûnder mear de Haagsche Courant. Fierder hat se ferskate (toaniel)stikken skreaun, "Komkommer & Kwel" en "Dit leven gaat voorbij" (in soapsearje). Ek hat se in protte reklames ynsprutsen.

Yn 2006 brocht Udondek de koartfilm Dobli út. Yn 2009 wie sy kandidate yn it AVRO tf-programma Wie is de Mol? , wêryn 't se ôffoel yn de fjirde ôflevering. Sawol yn 1996 as yn 2020 hie se in lytse rol yn Goede tijden, slechte tijden. Udondek is ek aktyf as selsstannich coach.

Keppeling om utens

bewurkje seksje