Pealgat

(Trochferwiisd fan Pealgatten)

In pealgat is in kûle yn de grûn dêr't in peal yn set wurdt.

Pealgatten fan in âlde pleats yn Epse-Noard by Dimter

Yn de archeology binne pealgatten werom te kennen as ferkleuringen yn de boaiem. De ferkleuring ûntstiet troch it fergean fan in peal yn it gat. De ferrotte peal of de ierde dy't it gat opfolde, is fan in oare gearstalling as de grûn derom hinne en hat dêrom in oare kleur. Pealgatten binne wichtich yn de archeology meidat se faak de iennige oerbliuwsels binne fan bouwurken dy't makke binne fan fergonklik materiaal lykas hout.