Pealsitten
Pealsitten is in sport wêrby't it de keunst is om sa lang mooglik op de (meastal houten) peal sitten te bliuwen .
De peal hat meastal in planke om op te sitten en in fuotsteun. Eventueel is der ek in rêchsteun. Meastal is om de pear oeren in koarte pauze tastien, û.o. om nei it húske te gean. De peal stiet meastal yn 't wetter, sadat letsel foarkommen wurdt as de dielnimmer derôf falt. Meastal is der kompetysje, mei meardere dielnimmers, elk op in peal, dy't tagelyk begjinne.
Nederlân hat in pear tige beste pealsitters fuortbrocht lykas Arie den Heijer. Hy is ferskeidene jierren Nederlânsk Kampioen west, ûndanks syn jonge leeftyd.
In resint foarbyld fan in pealsittoernoai wie by it programma "The Bar". Hjir soe dejinge dy't it langst op de peal sitten bliuwe soe de priis fan in fleantúch oanbean krije.
Sportman fan de ieu (2006) is in film oer pealsitten.