De Sportman fan de Ieu
De Sportman van de Ieu is in film yn 't Frysk út 2006 oer Taeke (Jochum ten Haaf), in fervent beoefener fan it pealsitten. Foar de Ynternasjonale merk hjit de film Sportman of the Century.
Ferhaal
bewurkje seksjeDe film lit Taeke's libbenslange passy foar Pealsitten sjen. Hy besiket om it rekord fan sawat 250 dagen te oertreffen. Iten wurdt brocht ta op 'e peal, sadat it liket oft der gjin pauzes binne, net iens foar sanitêre behoeften.
Hy docht it fan jongs ôf oan. As jong folwoeksene set hy yn sa'n wedstryd op de peal in bern by syn freondinne Tsjitske (Ricky Koole). Hja is foar in frijpartij op de peal klommen. It rekket út neidat Tsjitske Taeke om help freget wegens famyljeomstannichheden, en Taeke wegeret om dêrom de wedstryd ôf te brekken. (Hy wit noch net dat se swier fan him is.) Tsjitske trout mei Taeke syn rivaal Rintje, de soan fan in dikke boer. Wannear't de brulloftstaasje lânskomt brekt Taeke syn rekordpoging dochs noch ôf, mar dan is it te let.
Taeke wurdt kommunist en berooft mei partijgenoaten in bank om de kas fan de partij te spekken. By de bank falt net folle baar jild te heljen. Se sjogge derfan ôf om klanten te beroven, dat fine se net etysk. Dêrom twinge se de klanten om it jild dat se yn 'e beurs ha op harren sparbankboekje te stoarten (en twinge se de bank dêroan mei te wurkjen), om dêrnei de bank fan dat geld te beroven.
Taeke komt yn de finzenis. Dêr giet er ek pealsitten. Spitigernôch komt hy earder frij sadat hy gjin rekord festigje kin.
Omdat Rintje Taeke hieltiten dwers sit, makket Tjsitske it út mei Rintje. It is wer oan tusken Teake en Tsjitske at Teake fan Tsjitske heart dat hy de heit fan har famke is.
Uiteinlik stjert hy as âldman ûnder it pealsitten.
Rolbesetting
bewurkje seksje- Jonge Teake - Sipke Visser
- Jonge Tsjitske - Ida Poortinga
- Jonge Rintje - Robin Douma
- Teake - Jochum ten Haaf
- Tsjitske - Ricky Koole
- Rintje - Bastiaan Ragas
- Alde Taeke - Peter Franke
- Alde Tjitske - Rick Nicolet
- Alde Rintsje - Harald Warmbrunn
- Jonge Sake Wiarda - Pepijn Gunneweg
- Sake Wiarda - Lou Landré
- Frans Berkhout - Hark Bohm
- Pylsma - Freark Smink
- Rients - Rients Gratama
- Rimer - Riemer van der Velde
- Heinze - Heinze Bakker
- Henk - Henk Kroes
- Johannes - Bela B. Felsenheimer
- Douwe - Marcel Faber
- Swobkje - Loes Haverkort
- Gaais - Joke Tjalsma
- Fedde - Geert Lageveen
- Dûmny - Pieter Verhoeff
- Kommissaris fan de Keninginne 1955 - Theo Pont
- Sjauffeur - Willem van Dooren
- Kommissaris fan de Keninginne 1997-2000 - Cees Heyne
- Sjauffeur - Chris Dinnessen
- Learaar - Jan Arendz
- Skiedsrjochter - Henk Bonnet
- Obe Boanstra - Leon Moraru
- Hei Boanstra - Hilbert Dijkstra
- Baukje - Carla Rijtsma
- Buwe - Bert Geurkink
- Jonge Peet - Titus Goeman Borgesius
- Âlde Peet - Casper Slabbers
- Harm - Wolfgang Schenck
- Kees - Hugo Konings
- Foppe - Jeroen Kosterman
- Finzenisdirekteur - Harry van Rijthoven
- Hylke Meinsma - Stefan de Walle
- Man út Wâldsein - Ron Termaat
- Tjsalle & Tjsalling - Luc Theeboom
- Húsfrou 1 - Lianne Zandstra
- Húsfrou 2 - Marijke Geertsma
- Barman - Rense Westra
- Klant - Steven de Jong
- Servearster 1 - Tamara Schoppert
- Servearster 2 - Sonja Baum
- Bankmeiwurkster - Lyan van der Meulen
- Ferwûne man - Jacob Dijkstra
- Agint - Hans van Rijs
- Jonge Marietje - Lisse Roland
- Alde Marietje - Gonny Gakeer
- Anne - Thijs Feenstra
- Rintsje’s frou - Lieneke le Roux
- Pakesizzer Fedde - Valentijn Sohier
- Lyske - Henny Rinsma
- Jonge - Yjen Javier van der Werf
- Freon - Jehannes Veenstra