Pedoulas
Pedoulas (Gryksk: Πεδουλάς) is in berchdoarp op in hichte fan likernôch 1100 m yn it Troödosberchtme fan Syprus. De namme soe op 'e wurden pediada (delling) en laos (folk) werom gean. Yn it doarp steane ferskillende hotels.
Pedoulas Πεδουλάς | ||
Bestjoer | ||
Lân | Syprus | |
distrikt | Nikosia | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 132 (2011) | |
Oerflak | 10,9132 km² | |
Hichte | 1100 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +2 | |
Simmertiid | UTC +3 | |
Koördinaten | 34° 58' N 32° 49' E | |
Kaart | ||
It doarp is fral bekend fanwegen de 15e-iuwske Tsjerke fan 'e Aartsingel Michael, ien fan 'e tsien beskildere skuorretsjerken, dy't ta it wrâlderfgoed fan UNESCO rekkene wurde. Dêrnjonken hat it doarp noch alve oare tsjerken en kapellen, wêrfan't de Hillich-Krústsjerke de meast opfallende is.
Pedoulas hat twa musea: it yn 1999 iepene Byzantynske Museum mei ikoanen en in yn 2005 iepene folkloaristysk museum.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pedoulas fan Wikimedia Commons. |