Pegeia (Gryksk: Πέγεια) is in plak en gemeente yn it distrikt Pafos op it eilân Syprus. By Pegeia heart ek Agios Georgios Pegeia en it eilân Geronisos.

Pegeia
Πέγεια
Bestjoer
Lân Republyk Syprus
Distrikt Pafos
Sifers
Ynwennertal 6.945 (2021)
Oerflak 50,641 km²
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 34° 53' N 32° 22' E
Offisjele webside
pegeiamunicipality.com
Kaart
Pegeia (Syprus)
Pegeia

Pegeia leit op in hichte fan likernôch 210 m, 18 km noardwest fan Pafos, 80 km fan Limassol en 160 km súdwest fan Nikosia. It is it lêste plak foar it ûnbewenne natoergebiet op it skiereilân Akamas.

It gemeentegebiet wurdt sûnt likernôch 4000 f.Kr. bewenne. Dêr't hjoed-de-dei Pegeia leit, leine eartiids it âlde Akamantida en oare delsettingen lykas Maa-Palaiokastro. Oan 'e kust leine de skippen fan 'e Agajers oan, dy't dêr in koloanje stiften. In oare argeologyske lokaasje leit by Agios Georgios en op it lytse eilân Geronisos. Dêr lei in antike delsetting en in ier-Byzantynske delsetting.

Yn 'e Hellenistyske, Romeinske en ier-Byzantynske tiid lei by Agios Geronisos in lytse stêd, dy't yn 'e tiid fan 'e Arabyske ynfallen tusken de 6e iuw en de 10e iuw ferneatige waard. De bewenners flechten doe mear it lân yn en stiften mooglik Pegeia as opfolger fan dat stedsje by Agios Georgios.

Pegeia waard yn 1994 in gemeente.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Ruïnes by Agios Georgios.

By it beafeartsplak Agios Georgios lizze de resten fan in eardere antike delsetting mei û.o. resten fan in 6e-iuwske basilyk, in lytsere basilyk mei dwersskip en in biskoplik paleis. De flier fan 'e grutte basilyk wie fersierd mei mozaïken fan fûgels, fisken en oare bisten.

Yn 'e nacht fan 7 oktober 2011 farde de Edro III út de haven fan Limassol rjochting Rhodos. Foar Pafos botste it skip by swier waar op in rots en dêrnei dreau it skip stjoerleas rjochting de kust, dêr't it by Pegeia fêstrûn. Sûnt is it wrak in toeristyske attraksje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sjoch foar referinsjes en/of boarnen op de:Peyia