Rodos

(Trochferwiisd fan Rhodos)

Rodos (Gryksk: Ρόδος, Ródos) is in Gryksk eilân en gemeente yn de Egeyske See. De gemeente beslacht sûnt de weryndieling fan 2011 it hiele eilân en hat 115.290 ynwenners (2011). De haadstêd fan it eilân is Rodos-stêd.

Lizzing fan Rodos
Haraki, in lyts fiskersdoarp oan 'e kust fan Rodos.
Dizze side giet oer it eilân yn Grikelân. Foar it grutste plak op dat eilân, sjoch: Rodos (stêd).

Rodos is it fjirdgrutste eilân fan Grikelân en is part fan de eilânnekloft Dodekanesos. It leit in pear kilometer besuden it Turkske fêstelân, en is dêrmei ien fan de meast eastlike eilannen dy't ta it Grykske lân hearre.

Der binne fêste fearferbinings tusken Rodos en it Grykske fêstelân, mar ek tusken Rodos en eilannen as Simi, Kos, Patmos, Santorini en Karpatos.