Peije Rasp

(Trochferwiisd fan Peije)

Peije Rasp of koartwei Peije wie de artystenamme dêr't de harmoanikaspiler Freerk de Jong (Oerterp, 17 septimber 1879 - Drachten, 13 novimber 1941) ûnder bekend wurden is yn it súdeasten fan Fryslân.

Stânbyld fan Peije

Peije waard grutbrocht by syn pake en beppe yn Oerterp, dêr't syn pake de herberch 'De Laatste Stuiver' hie. Peije syn heit en mem wiene Andries de Jong en Sjoukje Ras fan De Grinzer Pein. Syn heit wie turfgraver, mar ek skieppehoeder by in boer op Trimunt. Peije hat twa kear troud west en wenne yn 't lêst mei syn twadde frou yn in wenwein oan de Suderhegewei yn Drachten.

Yn juny lûkt de Peijedei in soad besikers. Der binne dan muzyk- en dûnsoptredens op meardere poadiums yn it sintrum fan Drachten.

Keppeling om utens

bewurkje seksje