Peredelkino
Peredelkino (Russysk: Переделкино) is in delsetting fan datsjas op likernôch 20 km súdwestlik fan it stedsintrum fan Moskou. It plak leit oan de stedsgrinzen fan de Russyske haadstêd, dêr't it yn 2012 yn opnommen waard, net sa fier it spoar nei Kiev. Peredelkino wurdt beskôge as in keunstnersdoarp.
Skiednis
bewurkje seksjeDe delsetting ûnstie as lângoed, Peredeltsy, dat eigendom fan de Leontievs (fan memmekant besibbe oan Peter de Grutte) wie, dêrnei fan de prinsen Dolgoroekov en de Samarins. Neidat yn de 19e iuw it spoar troch it doarp kaam te rinnen, waard it omneamd ta Peredelkino.
Yn 1934 stelde Maxim Gorky út it gebiet oan it Bûn fan Sovjetskriuwers ôf te stean. Dat hie fan gefolgen dat der binnen in pear jier sa'n 50 houten datsjas foar Sovjetskriuwers set waarden.
By de skriuwers dy't harren yn Peredelkino fêstigen wiene Boris Pasternak, Kornej Tsjoekovski, Arseni Tarkovski (alle trije beërdige op it pleatslik tsjerkhôf), Ilja Ehrenburg, Veniamin Kaverin, Leonid Leonov, Ilja Ilf, Vsevolod Ivanov, Nikolaj Zabolotski, Boris Pilnjak, Lilja Brik, Konstantin Simonov, Aleksander Fadejev, en Michail Bachtin. De soan fan Heinrich Neuhaus, de pianist Stanislav Neuhaus, hat nei de dea fan syn heit mei syn mem en Boris Pasternak yn Peredelkino wenne. Koarter lyn setten ek Jevgeni Jevtoesjenko, Andrej Voznesenski, Bella Achmadoelina, Robert Rozjdestvenski en Zurab Tsereteli harren nei wenjen yn it doarp.
De arrestaasje fan skriuwer Isaak Babel, ien fan de wreedferneamde barrens fan de Grutte Suvering fan Jozef Stalin, wie yn Peredelkino op 15 maaie 1939. Babel waard dêrnei mei de auto nei de Loebjanka-finzenis brocht, tramtearre en troch de NKVD deasketten.
Yn 1988 waarden de datsjas fan Tsjoekovski en Pasternak útroppen ta betinkingshuzen en Peredelkino waard oanwiisd as "histoarysk en kultureel reservaat". Tsien jier letter waard de datsja van Boelat Okoedzjava ek as museum foar it publyk iepene. Nei de delfal fan de Sovjet-Uny waard Peredelkino oernommen troch de nije rikelju fan Ruslân. Der waarden doe in protte nije appartemintsgebouwen set yn Novo-Peredelkino tichteby.
-
Ferlosserskapel op it tsjerkhôf
-
In gebou fan it kompleks fan de residinsje fan de patriargen fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Peredelkino.
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- Webstee fan Peredelkino (Russysk), Ingelsk)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Peredelkino fan Wikimedia Commons. |