Pervasive ûntwikkelingssteuring
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
Pervasive ûntwikkelingssteurings (Pervasive Developmental Disorders, PDD) is in term yn de psychiatry dêr't fjouwer ûntwikkelingssteurings plus in restkloft mei oantsjutte wurdt. Pervasyf hâldt 'djip trochkringend' yn.
Soarten
bewurkje seksjeTsjintwurdich wurdt as synoniem ek wol de term autismespektrumsteurings of autisme brûkt, mar op etiologyske grûnen en klassifikaasjes fan hâlden en dragen hâldt dat net foar eltsenien itselde yn. Yn maaie 2006 kaam der dan ek in foarstel om de kategory te wersjen en ûnderskied te meitsjen tusken autistyske pervasive ûntwikkelingssteurings en net-autistyske pervasive ûntwikkelingssteurings.[1]
Der wurde yn it DSM-IV ûnderskied makke tusken fjouwer pervasive ûntwikkelingssteurrnissen en de restkloft NAO:
- Autistyske steuring
- Syndroom fan Rett
- Desyntegraasjesteuring fan de berneleeftyd
- Syndroom fan Asperger
- PDD-NOS, pervasive ûntwikkelingssteuring - net oars omskreaun (restkategory).
Mentale en lichaamlike eleminten
bewurkje seksjeMentaal
bewurkje seksjeOp mentaal mêd hawwe pervasive steurings fiergeande ynfloed op it ferrin fan de ûntwikkeling op tal gebieten as sosjale relaasjes en vaardigheden, taal en voorstellingsvermogen, motoryk, selsbesef, gefoelens, spel, fantasy, begryp fan de deilikse wrâld.
Lichaamlik
bewurkje seksjeOp lichaamlik mêd hawwe dizze steurings út en troch gefolgen foar it ôfwarsysteem, de endokrinology, het fetsoermetabolisme, het aminosoer - of purinemetabolisme, en taname fan oksidative stress troch in ôfwiken yn de wurking fan de neurotransmitters.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeFuotnoaten
bewurkje seksje- ↑ M.T. Mercadante, R.J. Van der Gaag, J.S. Schwartzman - Non-autistic pervasive developmental disorders: Rett syndrome, disintegrative disorder and pervasive developmental disorder not otherwise specified