Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Pervasive ûntwikkelingssteuring, net oars omskreaun (Pervasive Developmental Disorder - Not Otherwise Specified) is in oan autisme besibbe steurnis. Dit betsjut dat se wol bepaalde kenmerken hat fan autisme, mar net hielendal oan de omskriuwing foldocht. De Nederlânske ôfkoarting is POS-NAO, maar faak wurdt de Ingelske ôfkoarting PDD-NOS brûkt. It is in diagnoaze neffens de yndieling fan it hânboek DSM-IV.

Under PDD-NOS falle steurnissen dy't net foldogge oan de kritearia fan de oare oandwanings yn de groep pervasive ûntwikkelingssteurnissen. Sa binne yn dizze restgroep oandwanings ûnderbrocht as atypysk autisme en oant no ta ek MCDD. Omdat PDD-NOS in restgroep is en de symptomen yn foarm en yntinsiteit ferskille, binne der gjin 'hurde' kritearia. Wol besteane der inkele rjochtlinen: Der is in dúdlike efterstân of beperking yn de sosjale ynteraksje; dêrby besteane der tekoartkommings yn de (non-)ferbale kommunikaasjefeardichheden of is der sprake fan stereotyp gedrach en ynteresse. Yn de differinsjaaldiagnoaze moat útsluten wurde dat der sprake is fan in oare pervasive ûntwikkelingssteurnis. Ek moat, benammen by folwoeksenen, útsluten wurde dat de symptoamen komme troch skizofreny, skizotypyske persoanlikheidssteurnis of ûntwikende persoanlikheidssteurnis.

PDD-NOS is net altyd like slim. Der binne in soad gradaasjes yn de earnst fan de steurnis. Wat men hast altyd mei inoar mien hat is de behoefte oan struktuer. In dúdlike deiplanning foarkomt bygelyks dat men foar min te ferwurkjen ferrassings komt te stean. Ek is men faak sterk op jinsels rjochte en binne der efterstannen op emoasjoneel, sosjaal en motoarysk gebiet.

Minsken mei PDD-NOS sjitte faak tekoart yn sosjale feardichheden. Dêrtroch kinne der maklik problemen ûntstean yn de omgong mei oare minsken. It herkennen en beneamen fan eigen en oarmans emoasjes giet har faak net sa maklik ôf. Hâlding en gedrach binne hjirtroch lang net altyd oanpast oan de sitewaasje fan it momint. It risseltaat dêrfan is dat der nochal ris ûnbegryp en ôfstân ûntstiet tusken ien mei de ûntwikkelingssteurnis en oaren.

Fantasy en werklikheid binne foar minsken mei PDD-NOS net altyd maklik te skieden. Benammen jongeren hawwe de neiging alles tige letterlik op te fetsjen; as se bygelyks yn in telefyzjesearje ien deagean sjogge, dan is de earste ympuls te tinken dat de akteur no ek echt dea is. Ek hat men faak muoite mei wurdboartsjen en útdrukkings omdat men oanstriid hat alles letterlik te nimmen. As bygelyks sein wurdt dat de buorfrou neist har skuon rint, sil in bern mei PDD-NOS ferwachtsje dat de buorfrou letterlik neist har skuon stiet. Dat net alles sa letterlik te nimmen is, moat dan fan sitewaasje ta sitewaasje oanleard wurde.

Minsken mei PDD-NOS miene krektas oaren mei in ûntwikkelingssteurnis faak yn fêste patroanen, alles hat in eigen plakje. Unferwachte foarfallen en gebrek oan oersjoch jouwe dêrby faak planningsproblemen. Se leverje ek stress en gefoelens fan ûnfeilichheid op. In fêste deistruktuer en in goede planning kin de nedige rêst jaan.

Guon minsken mei PDD-NOS hawwe oanstriid har te rjochtsjen op details. Bygelyks as earne in rommel is en der lizze kranten, papieren, jiskepûden en ôffal. As der dan frege wurdt oft se dizze brol sjoen ha, kin it blike dat de persoan mei PDD-NOS allinnich de jiskepûden telt. Ek kinne guon har sa op lytse ûnbelangrike details konsintrearje dat wat der fierder om har hinne bart net mear opmurken wurdt.

Oarsaken en gefolgen

bewurkje seksje

De oarsaak fan PDD-NOS is net dúdlik. Men tinkt dat in steurnis yn de ûntwikkeling fan de harsens gefolgen hat foar it ferwurkjen fan ynformaasje. Dit betsjut in slimme beheining yn it hiele libben, mei't it net wer oer giet.

Minsken mei PDD-NOS kinne omgean leare mei de kontaktsteurnis. In protte sosjale feardichheden en hannelingen binne oan te learen. Itselde jildt oars foar de syndroom fan Asperger en heechfunksjonearjend autisme.

De steurnis kin likegoed by lege as by hege mjitten IQ diagnostisearre wurde. By allegear is der gebrek oan lykwicht yn de ferhâlding ferbale yntelliginsje en performale yntelliginsje. Hoe goed oft men him bepaalde sosjale feardichheden eigen meitsje kin bepaalt foar in diel hoe't ien mei PDD-NOS him yn de takomst ûntploaie sil.

Reitsflakken ADHD

bewurkje seksje

Hyperaktiviteit en minne konsintraasje wurdt by in soad minsken mei PDD-NOS waarnaam. Yn dat opsicht liket der in relatyf grutte oerlaap mei de steurnissen ADHD en ADD te wêzen. Grut ferskil is dat de konsintraasjeproblemen en it hyperaktive gedrach by PDD-NOS in oare ûnderlizzende oarsaak hawwe as by ADHD of ADD. By ûndersyk kin mei testen en ûndersiken de goede diagnoaze steld wurde.

Understeuning

bewurkje seksje

Der binne ferskate ynstânsjes dêr't minsken mei PDD-NOS terjochte kinne foar begelieding en/of lotgenoatenkontakt. Neist offisjele ynstânsjes as de Riaggs fan de Geastlike sûnenssoarch (GGZ) binne der ferienings, lykas PAS (Persoanen út it Autisme Spektrum) dy't har rjochtsje op normaal bejeftige folwoeksenen mei in steurnis yn it autistysk spektrum en de NVA (Nederlânske Feriening foar Autisme) dy't har benammen rjochtet op âlden mei autistyske bern.

Keppeling om utens

bewurkje seksje