Atypysk autisme
Atypysk autisme is in pervasive ûntwikkelingssteurnis. In protte symtoamen komme oerien mei dy fan autistyske steurnis, mar begjinne yn in letter stadium fan de ûntwikkeling fan it bern (nei it tredde libbensjier) of foldogge net oan de kritearia foar sosjale ynteraksje, kommunikaasje en ferbylding dy't foar autistyske steurnissen ynsteld binne.
Atypysk autisme wurdt faak sjoen by bern mei slimme mentale retardaasje of by bern mei in slimme spesifike ûntwikkelingssteurnis fan it taalfermogen.
Yn de ICD-10 is de oandwaning klassifisearre ûnder F84.1. It DSM-IV beskriuwt de oandwaning net ôfsûnderlik, mar neamt dizze yn de restgroep PDD-NOS.