Sir Peter Lely (Soest, 14 septimber 1618Londen, 30 novimber 1680) wie in Ingelske keunstskilder fan Nederlânsk komôf. Hy wie de populêrste portretskilder yn Ingelân fan ± 1640 oant syn dea. Hy wie ek keunstsamler en besiet fral in protte tekeningen fan oare keunstners.

Sir Peter Lely
Peter Lely. Portret fan Karel I fan Ingelân en syn soan, Jacobus, hartoch fan York. 1647. Londen, Syon House.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Lely waard berne as Pieter van der Faes út Nederlânske âlden yn Soest, Westfalen. Syn heit wie in militêr-amtner yn tsjinst fan de karfoarst fan Brandenboarch. Lely studearre skilderkeunst yn Haarlim, mooglik mei Pieter de Grebber as learmaster. Hy waard master-skilder fan it Sint-Lucasgilde yn Haarlim yn 1637. Hy wie bekend ûnder de efternamme "Lely" (ek wol stavere as Lilly) fanwegen in leelje op de gevel fan it hûs dêr't syn heit yn Den Haach berne wie. Lely komt yn Londen oan om 1641 hinne. Hy waard úteinlik freeman fan it skildersgilde yn 1647 en wie portretskilder oan it hof fan kening Karel I.

Nei de eksekúsje fan Karel hat er syn karriêre dochs fuortsette kind, en skildere er Oliver Cromwell, ("mei warten en al") en ek Richard Cromwell. De dichter Sir Richard Lovelace skreau yn dy peroade twa gedichten oer Lely, Peinture en See what a clouded majesty....

Nei de restauraasje fan it keningshûs waard Lely yn 1661 troch Karel II beneamd ta hofskilder mei in talage fan £200 yn 't jier. Lely waard in naturalisearre Ingelsk ûnderdaan yn 1662.

Lely en syn studio wiene tige produktyf. Bekend is de rige fan 10 portretten fan dames fan it keninklik hof, dy't as de "Beauties of Windsor" bekend steane, en in searje fan 12 admiraals en kapteins dy't yn de Twadde Ingelsk-Nederlânske Oarloch fjochten, en dy't no bekend binne as de "Flagmen of Lowestoft".

Lely spile in wichtige rol by de yntroduksje fan de mezzotint yn Grut-Brittanje, mei trochdat er kâns seach om syn portretten by in grut publyk bekend te krijen. Hy moedige Nederlânske 'mezzoartysten' oan om syn wurk te kopiearen en stie dêrmei oan de widze fan de Ingelske mezzotinttradysje.

Yn dy tiid waard er ek de Londense agint fan de Amsterdamske keunsthanneler Gerrit van Uylenburghen wie er samler fan âlde masters, sa as Paolo Veronese, Titiaan, Claude Lorrain en Rubens en hie er in enoarm grutte samling tekeningen, dy't nei syn dea ferparte en ferkocht waard en de mânske som fan £26,000 opsmiet.

Lely waard yn 1680 yn de adelstân ferheft. Rilke gau stoar er foar syn (skilders)ezel yn Covent Garden, by it skilderjen fan it portret fan de hartoginne fan Somerset. Hy waard begroeven yn St Paul’s Church yn Covent Garden.

Hy waard as hofskilder opfolge troch Sir Godfrey Kneller.


Waterhouse, Ellis. Painting in Britain 1530 to 1790. Fourth Edition, New York, Viking Penguin, 1978.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sir Peter Lely fan Wikimedia Commons.