Peter baron Piot (Leuven, 17 febrewaris 1949) is in Flaamske dokter. Hy is assistint sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes en direkteur fan UNAIDS.

Peter Piot

Yn 1974 studearre Piot ôf as doktor oan de Universiteit Gint wêrnei't er yn 1976 mei-ûntdekker en nammejouwer waard fan it Ebolafirus yn Saïre. Yn 1980 helle er in doktoraat yn de Mikrobiology oan de Universiteit Antwerpen, wêrnei't er arbeide foar it Ynstitút foar Tropyske Genêskunde.

Fan 1991 oant 1994 wie Piot foarsitter fan de International AIDS Society en fan 1992 oant 1994 wurke er as assosiearre direkteur oan de aids-programma’s fan de Wrâldsûnensorganisaasje. Op 12 desimber 1994 waard er beneamd ta direkteur fan UNAIDS en ek assistint sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes. Dat hat er west oant ein 2008. Michel Sidibé folge him doe op.

Yn 1995 waard er yn de adelstân ferheft troch Kening Albert II en krige er de titel fan baron. Sûnt 2008 is Piot de nije foarsitter fan de Kening Boudewijn Stifting.

Piot is auteur fan 16 boeken en mear as 500 wittenskiplike artikelen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Peter Piot fan Wikimedia Commons.