Petrus- en Paulustsjerke (Völlen)
De Petrus- en Paulustsjerke is in luterske tsjerke yn Völlen yn 'e East-Fryske gemeente Westoverledingen, Nedersaksen. De tsjerke waard oan it begjin fan 'e 15e iuw as in let-goatyske bakstientsjerke boud.
Petrus- en Paulustsjerke Peter-und-Paul-Kirche | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Nedersaksen | |
landkreis | Lier | |
plak | Völlen | |
koördinaten | 53°6' N 7°23' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Ev.-lutherske Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 15e iuw; toer: 1559 | |
boustyl | gotyk | |
Webside | ||
Gemeente Völlen | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIn eardere tsjerke waard yn 'e 12e iuw oan 'e súdlike râne fan it doarp boud, dy't oan it begjin fan 'e 15e iuw nei in heger plak op 'e noardlike râne fan it doarp ferhûze. By de werbou waarden de bakstiennen fan 'e âlde tsjerke op 'e nij brûkt. It mearsidige eastlike koer en it koertravee hat in krúsribferwulft. It bouwurk wurdt troch steunbearen oan it skip en it koer op it plak holden. It duorre noch oant 1556 ear't de earste tsjerke ôfbrutsen waard. De stiennen tsjinnen ta de útbou fan it tsjintwurdige tsjerkeskip:
"Oock is de eene kercke tho Vollen nedergewurpen, und den Vollners die ander daer mede tho verbeteren toegestaen." ('Ek is de iene tsjerke fan Völlen ôfbrutsen, en it waard de bewenners tastien om dêrmei de oare te ferbetterjen'; Eggerik Beninga, Antonius Matthaeus: Chronyck oft Historie van Oost-Frieslant, útjefte 1706, side 838)
Yn 1559 folge oan 'e westlike kant fan it skip de bou fan in toer mei sealtek. Dêr is ek de trochgong nei de tsjerke, der binne fierder gjin portalen oan 'e lingtesiden fan it skip. Ek foar dy oanbou waarden stiennen fan 'e âlde tsjerke op 'e nij brûkt. De oarspronklike ramen yn 'e noardlike en súdlike muorre en yn it koer waarden letter tichtmitsele of fergrutte.
Al yn 1521 ferruile de gemeente it katolisisme foar de grifformearde lear. Nei't dûmny Gerhard Vietor yn 1652 nei in amtsperioade fan 50 jier yn Völlen ferstoar, ûnstie der tusken de luthersken en de grifformearden striid oer de beneaming fan 'e nije dûmny. Mei help fan 'e oerheid gyng de gemeente yn 1657 oer op 'e lutherske lear.
Sûnt 1964 hat de gemeente in twadde tsjerkegebou yn Völlerfehn. Troch it oanmeitsjen fan it fean yn 'e 17e iuw naam it tal ynwenners fan Völlerfehn ta, sadat tsjintwurdich it grutste part fan 'e gemeente yn Völlerfehn wennet. De nije tsjerke waard ferneamd nei Marten Luther. Yn 'e toer fan 'e tsjerke fan Völlerfehn hinget in klok út 1749, dy't eartiids yn 'e dakruter fan Petrus- en Paulustsjerke hong.
Ynrjochting
bewurkje seksjeIt skip fan 'e tsjerke hat in flak, houten tonferwulft. De readstiennen grêfsark fan reade sânstien oan 'e muorre ûnder de kreake datearret nei alle gedachten noch út de âlde tsjerke. De nachtmieltsjelk waard yn 1440 troch de haadling Koop Hatten en de sulveren nachtmielskaal troch it pear Coeler út Esens yn 1788 skonken. It ienfâldige doopfont wiist op it ûntstean yn 'e tiid fan 'e reformaasje. De preekstoel mei klankboerd datearret fan likernôch 1600.
Yn it koer stiet in oarspronklik 15e-iuwsk retabel. De mensa, de efterkant fan 'e predella, it baldakyn en de efterkant fan it middendiel binne noch orizjineel. De eardere skilderijen binne yn 1676 ferfongen troch protestantske wurken, wêrfan't it middelste diel it Lêste Nachtmiel foarstelt. De sydpanelen binne dekorearre mei stikken út de bernetiid fan Jezus. Ek de panelen mei de fjouwer evangelisten hearre by de lettere dielen fan it alter. Op 'e barokke bekroaning is boppe it retabel in foarstelling fan 'e himelfeart fan Jezus te sjen. Kristus as Salvator Mundi foarmet de bekroaning fan it alter. De messing kroanluchters binne yn 1800 yn Grins makke.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 'e jierren 1822-1823 troch Wilhelm Eilert Schmid boud as in ynstrumint mei sân registers op ien manuaal. Tagelyk waarden nei alle gedachten ek de kreake en de banken ynboud. Yn 1869 folge in fergrutting fan it ynstrumint. Gerd Sieben Janssen foege letter in selsstannich pedaalwurk ta en it oargel krige dêrmei tsien registers. It foar in grut part noch orizjinele ynstrumint waard yn 1969-1970 troch Alfred Führer en yn 2004 troch Bartelt Immer restaurearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Peter-und-Paul-Kirche (Völlen)
|