Völlen
Völlen is in doarp yn it Landkreis Lier yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. It doarp is in Ortsteil fan de gemeente Westoverledingen.
Völlen | ||
Petrus- en Paulustsjerke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Westoverledingen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5771 (31 desimber 2020) | |
Oerflak | 20,52 km² | |
Befolkingsticht. | 281,2 /km² | |
Oar | ||
Stifting | likernôch 700 |
Geografy
bewurkje seksjeVöllen leit yn it suden fan de gemeente, tsjin it Iemslân oan, krekt wat noardlik fan Papenburch eastlik fan de Iems. By Völlen hearre ek de buorskippen Völlenerfehn en Völlenerkönigsfehn.
Skiednis
bewurkje seksjeVöllen waard om likernôch 700 hinne stifte en yn 1177 foar it earst yn dokuminten neamd. Fan 1250 ôf wurde de liemen hutten ferfongen troch bakstiennen hûzen. Nei de Twadde Wrâldkriich foel Völlen yn de Poalske besettingssône.
Yn de stoarmfloed fan 1962 strûpte Völlen ûnder wetter nei't in dyk fan de Iems trochbriek.
Op 1 jannewaris 1973, yn it ramt fan in gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen, waard de gemeente Völlen, dy't bestie út de doarpen Völlen, Völlenerfehn en Völlenerkönigsfehn bestie, opheft, en mei alve oare gemeenten gearfoege ta de gemeente Westoverledingen. Dêrmei waard de eardere gemeente omfoarme ta in Ortsteil fan de gemeente Westoverledingen mei in eigen doarpsried (Ortsrat) en doarpsboargemaster (Ortsbürgermeister).
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Petrus- en Paulustsjerke (Völlen).
De let-goatyske, protestantske Petrus- en Paulustsjerke datearret út it begjin fan de 15e iuw. By de bou fan de tsjerke waard âlder materjaal fan in 12e iuwsk bouwurk op 'e nij brûkt. De klokketoer datearret fan 1559.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Ynformaasje oer Völlen en de tsjerke
- Beskriuwing fan Völlen yn it histoaryske doarpsdatabank fan it Ostfriesische Landschaft
Westoverledingen | ||
---|---|---|
Haadplak: Ihrhove | ||
Doarpen: Breinermoor • Driever • Esklum • Flachsmeer • Folmhusen • Großwolde • Grotegaste • Ihren • Mitling-Mark • Steenfelde • Völlen | ||
· · |