Driever
Driever (Eastfrysk Plat: Driiver)[1] is in doarp (Ortschaft) yn de gemeente Westoverledingen yn East-Fryslân en leit oan de Iemsdyk tusken Esklum en Grotegaste. It doarp hat 108 ynwenners en is dêrmei it lytste doarp fan de gemeente Westoverldingen.
Driever | ||
Tsjerke fan Driever | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Westoverledingen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 108 (31 desimber 2020) | |
Oerflak | 5,68 km² | |
Befolkingsticht. | 21 /km² | |
Hichte | 2,5 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 28610 |
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste ferwizing nei Driever komt om it jier 1000 hinne. De âlde dyk, dy't oer de Iemsdyk rûn, rûn fan de kommanderije Muhde nei Driever, dy't as Latamuthon en Thribirgi ontsjut waarden. Driever lei yn de midsiuwen yn it skaad fan de kommanderije dy't in Johanniterkleaster, foar it earst neamd yn 1319 en yn de fyftjinde iuw syn bloeitiid kende, wie. De kommanderije stie foar Leerort oer oan de mûning fan de Leda yn de Iems, dêr't de namme Muhde fan it Aldfryske mutha (mûnng) ôflaat is. Driever hearde oant de reformaasje by de proasdij Lier fan it Bisdom Múnster en waard om 1500 hinne Dryver neamd. De namme betsjut nei alle gedachten "trije fearen" (Drieveer). De trije fearen fearen yn dy tiid nei alle gedachten nei de oare kant de Iems nei Haseborg, Kirchborgum en Feestenborg yn it Reiderlân. Yn 1750 hie Driever likernôch 200 ynwenners.
Op 1 jannewaris 1973 waard Driever part fan de nije gemeente Westoverledingen.
Hjoed-de-dei
bewurkje seksjeYn it sintrum fan it doarp stiet de grifformearde tsjerke. De westtoer fan de tsjerke waard yn 1696 boud. De hjoeddeistige tsjerke waard yn 1874/75 boud. It oargel dy't yn 1885 boud waard, is hjoed-de-dei noch yn syn oarspronklike tastân.
Under Driever falt de buorskip Weekenborg. By de wettersneed fan 1825 bruts de Iemsdyk dêr troch. Dêrnei waard de syl, de Weekenborger Siel fernijd. Ta weromtinken fan de wettersneed waard der njonken de Iemsdyk in 800 meter lange "museumdyk" oanlein. Der sit ek in weingat yn, dêr't de boeren eartiids troch hinne koene om nei it fruchtbere uterdykse lân komme te kinnen.
It lytse sportfjild oan de râne fan it doarp wie it thúsfjild fan amateurfuotbalklub Amisia Driever.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Westoverledingen | ||
---|---|---|
Haadplak: Ihrhove | ||
Doarpen: Breinermoor • Driever • Esklum • Flachsmeer • Folmhusen • Großwolde • Grotegaste • Ihren • Mitling-Mark • Steenfelde • Völlen | ||
· · |